BAT F.K.23 Bantam
Rol | Jachtfleantúch |
---|---|
Makker | British Aerial Transport Co. Ltd./B.A.T. |
Untwerper | Frits Koolhoven |
Earste flecht | Maaie 1918 |
Yn tsjinst | 1918 |
Tal makke | F.K.22: 3, F.K.23: 15 |
Brûkers | Nederlânske Loftmacht |
De BAT F.K.23 Bantam wie in Britsk ienpersoans jachtfleantúch dat yn 'e Earste Wrâldoarloch produsearre waard troch de British Aerial Transport Company (BAT). De dûbeldekker wie in ûntwerp fan de Nederlânske fleantúchûntwerper Frits Koolhoven. De typoantsjutting Bantam ferwiist nei in Javaanske fjochthoanne. De earste flecht wie yn 1918. Der binne mei-inoar 15 eksimplaren makke.
Frits Koolhoven syn earste ûntwerp yn tsjinst fan de Britske fleantúchbouwer BAT wie it ienpersoans F.K.22 jachtfleantúch.[1] Syn opfolger, de wat gruttere F.K.23, wie in fluggere dûbeldekker mei in houten konstruksje en metalen noas. De romp (útsein de noas) bestie út in semy-monokoque skaalkonstruksje fan hout yn lagen mei binnenyn in tal fersterkingen. De houten fleugelribben wiene bespand mei doek. Tusken de fleugelsteanders sieten spantriedden as ferstevigeging . De F.K.23 syn topfaasje fan 222 km/o wie foar dy tiid tige heech. It inisjële kontrakt mei de Royal Air Force (RAF) wie foar seis stiks. It prototype fleach foar it earst yn jannewaris 1918. Troch problemen mei de bestjoerberheid by in tolflecht én de rotaasjemotor dy't ynearsten brûkt waard, fertrage de levering. Troch it einigjen yn 1918 fan de Earste Wrâldoarloch kaam de F.K.23 te let foar de striid. De RAF ferlear doe syn belangstelling en der kamen gjin ferfolchgorders.[2]
Spesifikaasjes F.K.23 Bantam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bemanning: 1
- Lingte: 5,61 m
- Spanwiidte: 7,62 m
- Hichte: 2,06 m
- Leechgewicht: 376 kg
- Maks. gewicht: 605 kg
- Brânstofkapasiteit: 100 liter
- Motor: ABC Wasp II sânsylinder stjermotor, 200 hk
- Propeller: Twablêds, hout
- Bewapening: 2 × Vickers 7,7 mm fêste masinegewearen
Prestaasjes:
- Maks. faasje: 222 km/o
- Klimfaasje: 8 m/s, 5 min 10 sek. nnei 1.980 m
- Lâningsfaasje: 80 km/o
- Tsjinstlafond: 6.100 m
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|