Bûtlân
Appearance
Bûtlân of boezemlân is de namme foar in leechlizzende stripe lân tusken boezemkade en boezem wetter. By hege wetterstannen kin it brûkt wurde foar ekstra wetteropslach.
Bûtlân is meastentiids ûntstien troch ferlâning fan in diel fan in ôfwetteringsbekken. Op de ferlitten gebieten soe dan tichte begroeiïng ûntstean kinne, benammen fan reid. Dit reid waard brûkt foar de dakbedekking en waard dêrom geregeld snien en fuorthelle. Troch it tekoart oan fiedingsstoffen waard de kwaliteit fan de grûn hieltyd minder. Dêrtroch ûntjûgen de reidlannen har ta healânen. Sokke greiden waarden yn 'e folksmûle bûtlannen neamd.