It White City Stadium waard yn 1907 boud foar de Olympyske Simmerspullen yn 1908. It hie doe plak foar 93.000 taskôgers. It hie in Atletykbaan fan 536,44 m in baanhurdfytsbaan fan 660 meter in Swimbad fan 100 meter mei in dûktoer. De oarspronklike atletykbaan hat tsjinst dien oant 1914. Yn 1927 is de atletykbaan fuorthelle en ynsiedde mei gêrs om plak te meitsjen foar wynhûndraverijen. Yn 1985 is it White City Stadium ôfbrutsen om plak te meitsjen foar de gebouwen fan in tillefyzjestjoerder.