Bôge fan Septimius Sevearus
De Bôge fan Septimius Sevearus is in triomfbôge op it Forum Romanum yn Rome.
De Bôge
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Bôge fan Septimius Sevearus is boud yn it jier 203 n.Kr. yn opdracht fan de Romeinske Senaat. It wie in geskink oan de keizer en syn soannen Karakalla en Geta foar twa oerwinnings op de Parten yn 195 en 197 n.Kr.
De triomfbôge is boud út bakstien en travertyn, en is beklaaid mei marmer. De bôge is 23 meter heech, 25 meter breed en 12 meter djip. Der binne trije trochgongen. De middelste is 12 meter heech en 7 meter breed, de twa sydbôgen binne 7,8 meter heech en 3 meter breed. Boppe de trochgong is in 5,6 meter hege attyk dêr't 4 keamers yn makke binne. Yn de súdlike pilaar is in trep dy't nei de souder liedt.
Op de attyk stiet oan beide kanten in grutte ynskripsje dêr't de keizer en syn soan op betanke wurde foar it werom bringen fan de oarder yn it Romeinske Ryk.
De bôge is fersierd mei 8 komposytpylders en ûnderskate ôfbylden fan oerwûne folken. Boppe de sydtrochgongen hinge fjouwer grutte friezen dy't de oerwinnings fan Sevearus yn it Easten ôfbyldzje. Op âlde munten út de tiid fan Septimus Sevearus en Karakalla is te sjen dat boppe op de bôge in byldegroep stie fan in striidwein mei fjouwerspan. Dêryn stie Sevearus mei de goadinne Nikè en syn soannen Karakalla en Geta.
Damnatio Memoriae
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de dea fan Septimius Sevearus yn 211 wurde de beide soannen tegearre keizer. Karakalla liet lykwols oan de ein fan 211 syn broer Geta fermoardzje sadat er sels alle macht yn hannen krije koe. Dêrnei liet Karakalla alle oantinkens oan syn broer wiskje, troch middel fan de Damnatio memoriae. De triomfbôge ûntkaam dêr ek net oan en de nammen en ôfbylden fan Geta wurde der fan wiske. Op de grutte ynskripsje op de attyk kinne noch de wurden "et Getae nobilissimo Caesari" rekonstruearre wurde oan de hân fan de gatten dêr't ea brûnzen letters yn fêstset wiene.
De Bôge tsjintwurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de rin fan de iuwen wie it grûnnivo op it foarum gâns heger wurden. It ûnderste part fan de Bôge fan Septimius Sevearus befûn him ûnder de grûn wêrtroch't de bôge in stik leger like te wêzen. Yn de midsiuwen is de bôge noch foar in part ynboud yn in tsjerke dy't der tichteby leit en in fort. Dêrtroch is de bôge nea ôfbrutsen, wat mei in soad oare antike monuminten wol bard is. Yn de 18e iuw binne de grutte opgravings op it Foarum begûn en is de bôge yn âlde steat werom brocht. It is no ien fan de moaiste Romeinske bouwurken dy't oerbleaun is op it Foarum.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Arch of Septimius Severus Foto’s en optochte film.
- (in) Sights.Seindal.DK Beskriuwing fan de bôge en ynskripsjes.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bôge fan Septimius Sevearus fan Wikimedia Commons. |