Springe nei ynhâld

Bôge (boukunde)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bôge (boukeunst))
Bôgekonstruksjes yn in fasade Apteek De Liefde yn Utert)

In bôgekonstruksje is in oerspanning yn in bûgde foarm, dy't in frije konstruksje oplevert tusken twa steunpunten. Faak is de bôge útfierd yn natuerstien en/of bakstien en binne de stienen fan de bôge keggefoarmich. Yn it krêftenspel jildt foar de meast brûkte bôgefoarmen: nammerste leger de bôge (de saneamde stek), nammerste grutter de sydwertse krêften (spatkrêften). In ferwulf is op te fetsjen as in trijediminsjonale tapassing fan in bôgekonstruksje. Yn de boukunde wurdt in bôge faak tapast, omdat it fan natuere in sterke konstruksje foarmet. Yn it ferline wie in bôgekonstruksje faak de ienige manier om grutte romtes te oerspannen, en der dêrnei wer boppe-op te bouwen. Pas sûnt de útfining fan de bôge as draachkonstruksje koenen gebouwen as katedralen boud wurde.

In alternatyf foar de bôge is de latei, in ynmitsele draachstien of draachbalke. Sûnt de útfining fan it wapene en foarspande beton wurdt de bôge net folle mear brûkt.

Romaanse bôgen binne sirkelfoarmich. Yn Europa wurde dizze bôgen útsein yn tsjerken en in soad oantroffen yn brêgen. Yn de goatyk waarden spitsbôgen tapast, it foar fan de spitsbôge mei de rûnbôge is ûnder mear de fariabel ferhâlding tusken hichte en oerspanning.

De Spaanske arsjitekt Antoni Gaudí (1852-1926), in grûnlizzer fan de organyske arsjitektuer, brûkte spesjale foarmen fan bôgen. Om te bepalen oft dizzen sterk genôch wiene, makke hy in skealmodel fan de bôge mei toutsjes, de shjitten kettingline. Dit model hong op syn kop. Mei gewichten simulearre Gaudí de krêften dy't op de bôgen wurkjen gean soenen. Hjirmei gie de toubôge út himsels yn de juste, stabile foarm hingjen.

Technyske begripen by bôgen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
benamingen:
1=spanning of spanwiidte 2=rjochtstân 3=poarringpunt 4=top of krún 5=pylk, poarring of stek 6=oanset 7=berrte 8=bûtenbôgeline 9 binnenbôgeline
  • Formeel - tydlike ûndersteuningskonstruksje by it meitsjen fan de bôge;
  • Berte - punt dêr't de leadrjochte kant fan de muorre of kolom oergiet yn de bôge;
  • Krún - boppeste punt fan de bôge;
  • Slútstien - middelste stien fan in mitsele bôge, soms yn natuerstien útfierd
  • Poarring, pylk of stek - de ôfstân tusken it heechste punt fan in segmintbôge (binnenbôgeline) en de line dy't de bertes fan de bôge ferbynt;
  • Poarringpunt - it middelpunt fan wêrút de bôge lutsen wurdt of it plak dêr't de tried fêstsetten wurdt om de krekte rjochting fan de foegen tusken de stiennen te bepalen;
  • Stek - hichteferskil yn de midden tusken de ûnderside en de bertes fan de bôge (mei útsûndering fan de stigende bôge);
  • Flinter - helpmiddel dat brûkt wurdt by it útsetten en mitseljen fan in ellipsbôge;
  • Fierstraal - (tinkbyldige) line(n) fan de poarring nei de bôge(foegen);

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • G. Arendzen en J. Vriend, Bouwkunde. Diel 2. Hand- en Studieboek voor den bouwkundige en den metselaar, side 155-167, N.V. Utjouwers-maatskippij "Kosmos", Amsterdam
Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Arch