Springe nei ynhâld

Azjdahak

Ut Wikipedy
Azjdahak
Աժդահակ
  berch
Azjdahak (Armeenje-reliëf)
Azjdahak
geografy
lân flagge fan Armeenje Armeenje
berchtme Geghamaberchtme
sifers
hichte b. seenivo 3.597 m
oar
soarte berch fulkaan
lêste útbarsting 1900 f.Kr.

De Azjdahak is in fulkaan yn 'e Armeenske provinsjes Kotajk en Gegharkûnik. De berch hat in hichte fan 3.597 meter boppe seenivo en is it heechste punt fan it Geghamaberchtme. De fulkaan is foar it lêst om 1900 f.Kr. hinne útbarsten.

De top fan 'e berch jout útsjoch op 'e oare fulkanen fan it berchtme en op 'e Ararat en Aragats. Likernôch seis km noard fan 'e Azjdahak is de mar Akna. Yn it easten leit de Sevanmar te sen en yn it west de Hrazdandelling.

Kratermar.

Yn 'e krater fan 'e Azjdahak is troch ranende snie in mar ûntstien dat likernôch 8 m djip is. It wetter is sa skjin, dat de boaiem fan 'e krater te sjen is.

Yn 'e omjouwing fan 'e fulkaan binne in soad petrogliven fûn. Simmerdeis brûke Jezidi's, ien fan 'e minderheden yn Armeenje, it berchtme om dêr harren fee te weidzjen, dy't dêr yn tinten mei harren hûshâldingen wenje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Azhdahak (volcano) (ferzje 31.10.2024)