Springe nei ynhâld

Azerbeidzjaansk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Azery)
Azerbeidzjaansk
algemien
oare namme(n) Azeary
eigen namme Azərbaycan dili
lânseigen yn Azerbeidzjan, Dagestan (Ruslân)
tal sprekkers 45,000,000-50,000,000[1][2][3][4][5][6]
skrift Latynsk alfabet yn Azerbeidzjan
Arabysk alfabet yn Iran
Sirillysk alfabet yn Ruslân
taalbesibskip
taalfamylje Altaysk
dialekten 39
taalstatus
offisjele status offisjele taal
taalkoades
ISO 639-1 az
ISO 639-2 aze
ISO 639-3 aze
Gebiet dêr't Azerbeidzjaansk sprutsen wurdt

Azerbeidzjaansk of Azeary (Azerbeidzjaansk: Azərbaycan dili) is ien fan de Turkske talen en de offisjele taal fan Azerbeidzjan. It is ek ien fan de offisjele talen fan 'e autonome republyk Dagestan yn Ruslân. Der binne sa'n 45-50 miljoen Azerbeidzjaansksprekkers. Bûten Azerbeidzjan wurdt de taal sprutsen troch Azerbeidzjaanske minderheden yn lannen fan it Midden-Easten, Sintraal-Aazje en de Kaukasus, lykas Iran, Georgje, Ruslân, Turkije, Irak, Syrje, de Oekraïne, Kazachstan, Oezbekistan en Turkmenistan. It Azerbeidzjaansk wurdt ek sprutsen troch in soad ymmigranten yn oare lannen, lykas Frankryk, it Feriene Keninkryk, Dútslân, de Feriene Steaten, Kanada, en Austraalje. It is in agglutinearjende taal mei fokaalharmony. Hiel faak wurdt it Azerbeidzjaansk as foarbyld neamd as der sprutsen wurdt oer agglutinearjende talen.

It Azerbeidzjaansk makket diel út fan de famylje fan Turkske talen, dy't ek sprutsen wurde yn in grut part fan Sintraal-Aazje, en dy't sa'n grutte ûnderlinge sibskip hawwe, dat se foar it meastepart ûnderling fersteanber binne. De Turkske talen wurden op harren beurt rekkene ta de Altayske talen, dy't hegerop gearkomme mei de Oeralyske talen, alteast, neffens guon akademisy lykas de Eastenrykske taalkundige Hermann F. Kvergić. It grutte tal oerienkomsten yn 'e wurdskat tusken dy groepen talen, lykas it Altayske Turksk en it Oeralyske Finsk, spilet hjirby in grutte rol.

It Azerbeidzjaansk wurdt skreaun mei it Latynsk alfabet yn Azerbeidzjan, mei it Arabysk alfabet yn Iran en mei it Syrillysk alfabet yn Ruslân.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Dr. Phil. Hermann F. Kvergić La Psychologie de Quelques Éléments des Langues Turques (Wenen 1935)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Peoples of Iran" in Looklex Encyclopedia of the Orient. Retrieved on 22 January 2009.
  2. http://www.terrorfreetomorrow.org/upimagestft/TFT%20Iran%20Survey%20Report%200609.pdf
  3. "Iran: People", CIA: The World Factbook: 24% of Iran's total population. Retrieved on 22 January 2009.
  4. G. Riaux, "The Formative Years of Azerbaijan Nationalism in Post-Revolutionary Iran", Central Asian Survey, 27(1): 45-58, March 2008: 12-20%of Iran's total population (p. 46). Retrieved on 22 January 2009.
  5. "Iran", Amnesty International report on Iran and Azerbaijan people. Retrieved 30 July 2006.
  6. Ethnologue total for South Azerbaijani plus Ethnologue total for North Azerbaijani