Springe nei ynhâld

Aysmastate

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Aysma State)
States om Bitgum en Ingelum

Aysmastate (ek Aysma sate) wie in state yn Bitgummole (oant 1963 Bitgum) op it adres Dyksterhuzen 16. It is net bekend wannear't de state boud waard. De âlde (Grut) Aysmastate stie in pear hûndert meter fierder nei it easten yn de buert fan Dyksterhuzen. De wei oer dy âlde seedyk hjit no offisjeel Dyksterhuzen en Aysmastate stie besuden fan dy wei oan de lânside fan de âlde seedyk. It stee moat dus al foar de ôfsluting en ynpoldering fan de Middelsee bewenne west ha. Grut Aysma wurdt al troch Christiaan Schotanus yn 1664 fernijd as in saneamde ‘eigenerfde state’.

Fan de state binne gjin tekeningen bekend. Op it hiem fan de eardere state stiet tsjintwurdich noch it foarein fan in eardere pleats.

  • ± 1430 Hessel Aysma, troud mei Tieth Herema
  • 1445 Tieth Herema (widdo Aysma) troude mei Gerben Lauta út Wier
  • ± 1470 Hessel Lauta fan Aysma (* ± 1450) en Tjal Doeckedr. Fûns
  • 1511 - 1529 Doecke Hessels (Lauta) fan Aysma
  • 1529 - 1543 Hotthye Hessels (Lauta) fan Aysma (broer fan Doecke)
  • 1543 - 1566 Hessel Hotthyes fan Aysma en Wybrich fan Buma
  • 1566 - 1603 Hotze Hessels fan Aysma
  • 1603(?) - 1637 Schelte Hothjes fan Aysma
  • 1637 - 1654 Tzietscke Hotthjedr. fan Aysma, troud mei Albert Johannessoan fan Aysma
  • 1654 - 1659 Johan fan Aysma
  • erfgenamten fan Johan fan Aysma
  • 18e iuw famylje Van Glinstra
  • 1850 Pieter Benjamin Vegelin van Claerbergen

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: