Springe nei ynhâld

Ayasofya Moskee (Snits)

Ut Wikipedy
Ayasofya Moskee
lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Snits
adres Alde Toppenhústerdyk 20
koördinaten 53°1' N 5°40' E
gegevens
streaming soennisme
oars
hiemside ayasofyasneek.nl
Kaart
Ayasofya Moskee (Snits)
Ayasofya Moskee

De Ayasofya Moskee (Frysk: Hillige wiisheid) is in islamitysk gebedshûs fan de moslimmienskip yn Snits.

De moskee waard op 10 maaie 1978 stifte en de Turkske Atatürkferiening hie oant 2010 de moskee oan de Havenstrjitte. It gebou hie twa ferdjippings. De gebedsromte wie mei in gerdyn ferdield yn in manljus- en frouljusdiel. It gebedshûs waard brûkt as moetingsromte foar moslims út de hiele provinsje. Boppedat wiene yn de moetingsromte ferskate aktiviteiten foar de mienskip. Troch te min romte foar dy groeiende mienskip en it ferlet fan aparte romten waard it gebou yn 2011 sluten.[1]

Sûnt de sluting fan it gebou oan de Havenstrjitte makket de feriening gebrûk fan de eartiidske jeugdherberch Wigledaam.[2] Yn it nije gebou sitte ek in islamityske winkel en kapper.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Aya Sofia Camii Sneek: Skiednis fan Snits Ayasofya Moskee
  2. Sneeker Nieuwsblad: Sneek: Nieuwe moskee in Sneek