Springe nei ynhâld

Avro Manchester

Ut Wikipedy
Avro Manchester


Rol Bommesmiter
Makker A.V. Roe and Company
Earste flecht 25 july 1939
Yn tsjinst Novimber 1940
Ut tsjinst 1942
Tal makke 202
Brûkers Royal Air Force, Royal Canadian Air Force

De Avro 679 Manchester wie in Britske bommesmiter fan begjin Twadde Wrâldkriich.

Koarte skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste flecht wie yn july 1939. A.V. Roe and Company makke mar 20 stiks fan de oarspronklike ferzje, Manchester Mk I. Fan de Manchester Mk IA mei gruttere rolroeren en in fan 6,71 m nei 10,06 m fergrutte sturtwjukspanwiidte, waarden 200 fabrisearre. Sy tsjinnen fan novimber 1940 oant mids 1942. De Manchester die bliken in mislearring te wêzen; har fleaneigenskippen wiene net sa min, mar de swierrichheden mei de ûnbetroubere RR-Vulture motoren wiene grut. De fuortsette ûntjouwing fan de fjouwermotorige Manchester Mk III late begjin 1941 lykwols ta de tige kapabele Avro Lancaster.

Technyske feiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Avro Manchester Mk. IA
Feiten
Lingte    20,98 m
Spanwiidte    27,46 m
Startgewicht (max)    25.402 kg
Motor    Twa Rolls-Royce Vulture I fan 1.312 kW (1.784 HK) it stik
Topfaasje    426 km/o op in hichte fan 5.181 m
Maks. fleanberik    2.622 km mei 3.629 kg bommen
Bemanning    7
Bewapening    Acht Browning M1919 masinegewearen, kaliber .303 inch (7,7 mm),
oant 4.695 kg bommen

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]