Browning M1919

Ut Wikipedy
Browning M1919A4

De Browning M1919 is in .30 kaliber middelswier masinegewear dat in soad brûkt waard yn de 20e iuw, benammen yn de Twadde Wrâldoarloch, de Koreaanske Oarloch en de Fjetnamoarloch. De M 1919 waard troch de FS en in soad oare lannen brûkt as lichte ynfantery-, op reau montearre, fleantúch- en loftdoelmitrailleur.

Amerikaanske soldaten mei in M1919A4 yn de Slach om Aken, oktober 1944

De M1919 wie in luchtkuolle ûntwikkeling fan it standert Amerikaanske masinegewear út de Earste Wrâldoarloch, de troch John M. Browning ûntwurpen wetterkuolle M 1917. De opkomst fan masinegewearen foar algemien gebrûk yn de jierren 1950 soarge derfoar dat de M 1919 yn in soad gefallen in ûndergeskikte rol krige, benammen nei de komst fan de M 60 yn tsjinst fan it Amerikaanske leger. De Amerikaanske marine boude der ek in soad om nei 7,62 mm NATO en neamde se Mk 21 Mod 0; se waarden in soad brûkt op rivierboaten yn de jierren 1960 en 1970 yn Fjetnam. In soad NAFO-lannen bouden har eksimplaren ek om nei kaliber 7,62 mm en dy bleaune yn tsjinst oant fier yn de jierren 1990 en yn guon lannen oant op de dei fan hjoed.