Australyske slob
Australyske slob | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Jerkje. Wyfke. | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Spatula rhynchotis | ||||||||||||
Latham, 1801 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De Australyske slob of Australyske slobein (Spatula rhynchotis, syn.: Anas rhynchotis) is in fûgelsoarte fan it skaai slobeinen yn 'e famylje einfûgels (Anatidae). Yn Austraalje is de fûgel in beskerme diersoarte. De Australyske slob waard yn 1801 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Ingelske ornitolooch John Latham.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wurdt likernôch 46 oant 53 sm lang. Se driuwe leech yn it wetter en ite mei de kop ûnder wetter. Jerken hawwe in blaugrize kop mei in fertikale heale moanne tusken de snaffel en it each. Wylst it each fan 'e jerken giel is, hawwe de brúnkleurige wyfkes donkere eagen. De poaten binne feloranje.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Australyske slob is monotypysk en libbet yn Austraalje, Tasmaanje en Nij-Seelân yn swietwetter mei in soad fegetaasje.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjoed-de-dei is de gewoane namme foar de Spatula rhynchotis Australyske slob. It makket net mear út yn hokker lân de fûgel fûn wurdt. Eartiids wie de ein ferdield yn twa ûndersoarten:
- S. rhynchotis rhynchotis of de Australyske slob foar it nominaatras, dy't libbet yn it súdwesten en it súdeasten fan Austraalje en yn Tasmaanje.
- S. rhynchotis variegata of de Nijseelânske slob foar de Nijseelânske populaasje.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasje fan 'e Australyske slob is stabyl en de fûgel wurdt as net bedrige kategorisearre.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Australasian shoveler
|