Springe nei ynhâld

Australyske berchein

Ut Wikipedy
Australyske berchein

Jerke

Sijke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai bercheinen (Tadorna)
soarte
Tadorna tadornoides
(Jardine & Selby, 1828)
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Australyske berchein (Tadorna tadornoides) of de Australyske kasarka is in ein út de famylje fan 'e Anatidae. De ein is in fûgelsoarte dy't yn Austraalje endemysk is. As dwaalgast wurdt de fûgel somtiden ek yn Nij-Seelân sjoen.

In pearke Australyske bercheinen.

De Australyske berchein is like grut as de yn Fryslân bekende berchein en mjit tusken de 55 en 73,5 sm. It is in grutte ein fan 1,3 oant 1,6 kg swier mei in opfallend fearrekleed. De jerk is foar it measte donker kleure en hat in kastanjebrune búk, in wite ring om 'e nekke en in donkergriene kop. It hijke en it sijke hawwe op 'e fleugels in opfallend griene spegel en in grutte wite flek.

It sijke is lytser as it jerkje. Dêrnjonken hat it sijke in wite, ûnlykmjittige eachring, dy't by de jerke hielendal ûntbrekt. Ek ûnderskiedend is it wyt by de basis fan 'e snaffel by it wyfke. Lykas it mantsje hat ek it sijke in wite ring om 'e nekke, mar dy is minder opfallend en by guon hielendal ôfwêzich. Winterdeis binne de fearren fan it wyfke oer it generaal wat ljochter.

Australyske bercheinen sykje iten op greidelân en yn ûndjip wetter. Lykas de oan de fûgel besibbe berchein siket de Australyske berchein syn iten ek yn 'e kwelders fan 'e kust. Mar it meast binne gerskjende fûgels te sjen op it lân en dan binne se faak op grutte ôfstân fan wetter. Fierder ite Australyske bercheinen skaaldieren, weakdieren en ynsekten.

De Australyske berchein begjin yn maart of april mei brieden, as yn Austraalje it winterske reinseizoen begjint. Der wurde likernôch 10 oant 14 krêmkleurige aaien lein yn in holte fan beammen of grûn tichteby wetter. Nei likernôch 30 dagen komme de aaien út. Geskikte nêstlokaasjes wurde faker brûkt.

De fûgel komt foar yn it suden fan Austraalje en dan benammen yn 'e súdeastlike en súdwestlike hoeke en op Tasmaanje. De ein libbet by grutte wettergebieten mei ûndjip swiet en brak wetter, mar wurdt ek by sânôfgravings en op ikkerlân mei koart gewaaks of strewelleguod sjoen. De fûgel hâldt fan iepen, goed oer te eagjen lân mei heechút hjir en dêr in beam.

Yn 'e tiid fan it ferfearjen foarmje de Australyske bercheinen grutte groepen op it wetter. Yn 'e winter geane in soad fûgels nei noardliker plakken yn Austraalje.

De Australyske berchein wurdt net as bedrige beskôge, mar wurdt yn Austraalje wol beskerme.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Halsbandgans


Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Australyske berchein fan Wikimedia Commons.