Augustinus Lycklama à Nijeholt (1842-1906)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Augustinus Lycklema á Nijeholt

Jonkhear Augustinus Lycklama à Nijeholt, (Beetstersweach, 7 july 1842 - Doorn, huzinge Schoonoord, 26 oktober 1906), wie Frysk Steatelid en boargemaster fan Opsterlân.

Soan fan jonkhear Jan Anne Lycklama à Nijeholt en jonkfrou Y.H. van Eysinga. Hy wie âld-boargemaster fan Opsterlân en âld-lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân en die oan genealogy en heraldyk. Under syn redaksje ferskynden yn 1883 en folgjende jieren in tal jiergongen fan De Friesche Adelaar en fan it "Jaarboekje van den Frieschen adel in verband tot de ridderschap in Friesland. Opgedragen aan Z.M. den Koning" (1883, 1e jiergong). Hy die in wichtige skinking oan it Frysk Genoatskip, wêrûnder ek it troch C. Bisschop skildere portret fan syn frou yn de âldens fan 20 jier.

Hy boaske yn Aldwâld op 10 july 1872 mei Anna Adriana Cornelia Sixma baronesse van Heemstra (dêre, 21 july 1853 - Apeldoarn, 5 jannewaris 1903 ), dochter fan Mr. Cornelis Schelte en fan jonkfrou Tjallinga Aedonia van Eysinga. Se krigen twa dochters en in soan, dêrfan't de âldste dochter, jonkfrou Ypckjen Hillegonda (1873-1916), yn 1892 boaske oan de Dútske majoar fan de ynfantery Carl Friedrich Max Grundtmann (1860-1909). In dochter út dat lêste houlik wennet mei har man jonkhear J. de Jonge van Zwijnsbergen op Lycklamastate op De Sweach.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • Nederlansch Adelsboek (1921), 155, 156;
  • Wapenheraut XI, 142, 143;
  • Jaarboek Nederlandsche Adel VI, 188.