Atze Oosterhoff

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Atze Oosterhoff (Ternaard, 13 febrewaris 1906Hoogeveen, 10 augustus 1994) wie in Nederlânske boargemaster.

Hy waard berne as soan fan Johannes Luitzen Oosterhoff (1871-1938), doetiidsk boargemaster fan Westdongeradiel, en Botje Rollema (1872-1948).
A. Oosterhoff wie gemeentesekretaris fan Wûnseradiel ear't er dêr yn 1954 beneamd waard ta boargemaster as opfolger fan Rinke Reitsma. Yn de weropboujierren waard er konfrontearre mei in protte feroaringen. It toerisme wie yn ûntwikkeling yn Wûnseradiel, bygelyks de rekreaasjefoarsjennings oan de Iselmarkust, lykas De Holle Poarte, en it opkommen fan de Aldfaers Erf-Rûte. Yn 1971 gie er mei pinsjoen.

Ut namme fan de CHU wie er fan 1958 oant 1970 lid fan de Provinsjale Steaten. Letter wie er fan ein 1975 noch in skoft waarnimmend boargemaster fan Raerderhim.