Springe nei ynhâld

Atlantis

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Atlantis (eilân))
Optochte kaart fan Atlantis, útjûn troch Athanasius Kircher (Amsterdam, 1665). It noarden leit ûnder en it suden boppe. Lofts is Spanje noch te sjen en rjochts Amearika.
Kaart fan it plak dêr't Atlantis neffens in protte teoryen lein hawwe soe: yn de Atlantyske Oseaan. Ek oanjûn de ynfloed op de omlizzende kontininten, neffens Ignatius Donnelly. Ut it boek fan Ignatius Donnelly Atlantis: The Antediluvian World (New York, 1882).

Atlantis (Aldgryksk Ἀτλαντίς, "dochter fan Atlas") soe in earder eilanneryk west hawwe. It ryk waard foar it earst neamd yn Plato syn dialogen Timaeus en Critias. Troch in katastrôfe soe it ryk hommels ferdwûn wêze. De namme Atlantyske Oseaan is in ferwizing nei dat Atlantis.

Gelearden binne it der net oer iens at Plato faaks troch eardere boarnen ynspirearre west hat. Guon wolle hawwe dat hy putte út ferhalen oer de fulkaanútbarsting fan Thera, wylst oaren tinke dat hy troch de ferwoasting fan Helike yn 373 f.Kr. of de mislearre Ateenske ekspedysje nei Sisylje yn 415–413 f.Kr. syn ynspiraasje foar Atlantis krige. Omdat Plato de ferwoasting fan Atlantis yn ferbân bringt mei de Floed fan Deukalion wurdt ek wol tocht dat hy him ynspirearje liet troch it sûndfloedferhaal.

Lizzing fan Atlantis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de jierren binne der talleaze teoryen oer de lizzing fan Atlantis ferskynd. Net alle teoryen binne like goed ûnderboud. Der is beweard dat Atlantis lein hat yn de buert fan de Azoaren, Amearika, Skandinaavje, de Noardsee, de Britske Eilannen, it eilân Kuba, Súd-Spanje, Kreta, Syprus, Santoriny, de Kanaryske Eilannen en Antarktika. Ek wurde Egypte, Yndoneezje, Madagaskar en Austraalje wol neamd as mooglike lokaasjes fan Atlantis. Der is ek in teory dat it hielendal net in eilân wie, mar it Each fan de Sahara, yn Mauretaanje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]