Ashoka de Grutte

Ashoka wiist troch nei dizze side. Foar it personaazje út Star Wars, sjoch: Ahsoka.
Ashoka de Grutte (304 f.Kr. – 232 f.Kr.) wie in Yndysk keizer. Hy wurdt beskôge as de grutste hearsker fan it âlde Ynje. Hy wie de tredde keizer út 'e Maurya-dynasty.
Syn regear rûn fan 269 f.Kr. oant 232 f.Kr. yn it âlde Ynje. It ryk fan keizer Ashoka besloech it grutste part fan it grûngebiet fan it hjoeddeiske Yndia, Pakistan, Afganistan, Nepal en Bangladesj. Dit grutte Maurya-ryk hat fan dy tiid oant no it grutste Yndyske ryk west.
Keizer Ashoka stiet ek bekend om it effisjinte bestjoer fan syn útstrutsen ryk. Hy hat it boedisme yn Aazje propagearre en ferspraat.
It wapen fan 'e Republyk Yndia is ôflaat út 'e Pylder fan Ashoka. En it Tsjil fan Ashoka stiet yn 'e midden fan' e nasjonale flagge fan Yndia.