Ashoka de Grutte
Appearance
(Trochferwiisd fan Ashoka)
- Ashoka wiist troch nei dizze side. Foar it personaazje út Star Wars, sjoch: Ahsoka.
Ashoka de Grutte (304 f.Kr. – 232 f.Kr.) wie in Yndiaaske keizer. Hy wurdt beskôge as de grutste hearsker fan it âlde Yndia. Hy wie de tredde keizer út 'e Maurya-dynasty.
Syn regear rûn fan 269 f.Kr. oant 232 f.Kr. yn it âlde Yndia. It ryk fan keizer Ashoka besloech it grutste part fan it grûngebiet fan it hjoeddeiske Yndia, Pakistan, Afganistan, Nepal en Bangladesj. Dat grutte Maurya-ryk hat fan dy tiid oant no it grutste Yndiaaske ryk west.
Keizer Ashoka stiet ek bekend om it effisjinte bestjoer fan syn grutte ryk. Hy hat it boedisme yn Aazje propagearre en ferspraat.
It wapen fan 'e Republyk Yndia is ôflaat út 'e Pylder fan Ashoka. En it Tsjil fan Ashoka stiet yn 'e midden fan' e nasjonale flagge fan Yndia.