Arthur Axmann

Ut Wikipedy
16 oktober 1947: Axmann by de Prosessen fan Neurenberch

Artur Axmann (Hagen, 18 febrewaris 1913Berlyn, 24 oktober 1996) wie in Dútske nazy en - as opvolger fan Baldur von Schirach - foaroanman fan de Hitlerjugend (Reichsjugendführer) fan 1940 oant de ein fan de oarloch.

Axmann stifte yn 1928 de earste Hitlerjugend-ôfdieling fan Westfalen. Tusken 1929 en 1930 wie er sellieder fan it Nasjonaal-Sosjalistyske Skoalbernebûn (NSSB) en yn 1932 waard er opnaam yn de lieding fan de Hitlerjugend. Yn 1934 waard Axmann lieder fan de Hitlerjugend yn Berlyn. Hy tsjinne oan it Westfront oant maaie 1940. Dêrnei 1940 waard er plakferfangend Reichsjugendführer fan de Hitlerjugend en augustus folge er Von Schirach op as Reichsjugendführer. Yn 1941 rekke er slim ferwûne oan it Eastfront, hy ferlear in earm.

Axmann waard begjin 1945 ien fan de kommandanten fan de saneamde Volkssturm, in gearswylsel fan jonges en âlde(re) manlju, ornearre om it ynstoartend nazyryk te ferdigenjen. Hoewol't er der ta oantrune waard, wegere er famkes en froulju yn de Volkssturm. As kommandant fan in ôfdieling Volkssturm spile er in rol yn de Slach om Berlyn (Endkampf um Berlin). Yn de lêste filmopname dy't fan Hitler bekend is, begeliedt Axmann syn idoal by de útrikking fan ûnderskiedings oan minderjierrige soldaten fan dy organisaasje.

Artur Axmann krige yn 1945 de heechste nazy-Dútske ûnderskieding, de Dútske Oarder.

Desimber 1945 waard er arrestearre doe't er kontakt opnaam mei de lieding fan de Hitlerjeugd dy't noch op frije fuotten wiene. Oktober 1946 waard er frijlitten, mar yn july 1947 wer foar ferhoor fêstset. Yn 1949 krige er trije jier finzenis. Dêrnei wie er hannelsagint by in firma.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: