Springe nei ynhâld

Arjen Dijkstra (1979)

Ut Wikipedy
Arjen Dijkstra (1979)
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Arjen Folkert Benjamin Dijkstra
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1979
berteplak Dokkum
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk, Nederlânsk
sjenre skiednis
perioade 1e helte 21e iuw
offisjele webside
n.f.t.
Net te betiizjen mei Arjen Dykstra (1974), skiedkundige en Frysk Beweger.

Arjen Folkert Benjamin Dijkstra (Dokkum, 1979) is in skiedkundige en direkteur fan Tresoar yn Ljouwert.

Dijkstra (rjochts) by de Lancering fan it Nederlânsk Memory of the World Register by Tresoar mei de Richthofen-kolleksje

Nei de havo studearre hy skiednis oan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert en studearre ôf op in skripsje oer santjinde-iuwske wiskunde oan de Universiteit fan Frjentsjer. Dijkstra studearre dêrnei skiednis oan de Ryksuniversiteit Grins (RUG) mei as spesjalisaasje de kultuerskiednis en de skiednis fan de wittenskip. Yn 2012 promovearre hy oan de Universiteit fan Twinte op it proefskrift ‘’Between Academics and Idiots, A cultural history of mathematics in the Dutch province of Friesland (1600-1700)’’.[1]

Sûnt 2011 wie Dijkstra dosint oan de RUG en koördinearre hy de Scholierenacademie fan dy universiteit. Dêrby seach er nei de ynhâldlike oansluting tusken vwo en universiteit. Dêrneist die hy histoarysk ûndersyk by de ôfdieling Frysk. Sûnt 2018 stie it Universiteitsmuseum ûnder syn lieding. Dijkstra begelate yn dy funksje de werynrjochting fan it museum.

Op 1 oktober 2022 waard er as direkteur beneamd by Tresoar as opfolger fan Bert Looper.

Syn ûndersyk nei de skiednis fan it Frjentsjerter planetarium late ta in biografy fan de Fryske astronoom Eise Eisinga mei as titel De Hemelbouwer.

Mei Mark Hektor skreau er It Himelbouwerke, in berneboek oer it ûntstean fan it Frjentsjerter Planetarium. Yn datselde jier ferskynde De jonge filosoof oer de jonge Fryske haadpersoan David Gorlaeus dy’t lang ferlyn filosofyske fragen stelde. It boekje ûntstie doe’t Dijkstra ien fan organisators wie fan it kongres oer David Gorlaeus.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Referinsjes

  1. Arjen Dijkstra gepromoveerd op Between Academics and Idiots, blogspot 22 septimber 2012
  2. Arjen Dijkstra en De Hemelbouwer, Parseburo It Amelân, 14 oktober 2021