Arie van der Veer

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Arie van der Veer
Arie van der Veer.png
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 1942
berteplak Flaardingen
wurkpaad
berop/amt Predikant, presintator
reden
  bekendheid
Telefyzje- en radioprogrammas fan de EO

Arie van der Veer (Flaardingen, 30 jannewaris 1942) is in Nederlânske predikant en âld-foarsitter fan de Evangelyske Omrop (EO).

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy is in soan fan in mjitteropnimmer. Fan 1961 oant 1966 studearre er er teology oan de Teologyske Universiteit Apeldoorn fan de Kristlike Grifformearde Tsjerken. Dêrnei stie er as dûmny fan 1966 oant 1990 yn efterelkoar Nieuwe Pekela en Swol. Under syn lieding waakste de tsjerke yn Swol as in reid.

Fan 1990 oant 1 septimber 2008 wie Van der Veer foarsitter fan de Evangelyske Omrop en krige de EO de A-status. Yn dy funksje rjochte er him bot op ienheid ûnder kristenen út de ferskate tsjerken. Van der Veer neamde dat de 'oecumene van het hart'. Fan 1991 oant 1998 wie er ek ficefoarsitter fan de NOS. Op 24 augustus 2008 waard er beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.[1] Yn oktober 2008 waard kanker by him fêststeld[2] dêr't er lykwols better fan waard. Tegearre mei Rita Renema-Mentink rjochte er de stichting Als kanker je raakt op.

Op 8 juny 2015 ferstoar syn âldste soan Peter van der Veer, dy't lykas syn heit predikant wie yn de Kristlike Grifformearde Tsjerke yn Swol.[3]

Programmas[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van der Veer presintearret of presintearre de folgjende telefyzjeprogrammas:

Ek hold er op de radio eltse sneontemoarn om 11.00 uur in Bibeloertinking. Dy is sûnt 2015 te beharkjen yn it programma De Muzikale Fruitmand op Radio 5, ûnder de titel "De Bijbel open".

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e mande mei oaren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Voormalig EO-voorzitter krijgt een lintje opgespeld", Nederlands Dagblad, 25 augustus 2008
  2. Weblog Arie van der Veer, 27 oktober 2008 (deade link)
  3. Zwolse voorganger Peter van der Veer (47) plotseling overleden, De Stentor, 9 juny 2015