Nederland Zingt

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Nederland Zingt is in telefyzjeprogramma fan 'e Evangelyske Omrop (EO), wêrby't koar- en gearsang yn ferskillende katedralen en tsjerken yn Nederlân opnommen en útstjoerd wurdt. It programma wurdt wykliks útstjoerd en meastentids gearsteld troch oargelist en komponist Martin Zonnenberg.

Yn 1990 waard alle moannen in telefyzje-muzykprogramma útstjoerd mei koar- en gearsang, provinsjale nijsgjirrigens, folkloare en ferneamden út 'e regio. It programma waard in provinsjetocht en krige de titels Groningen Zingt, Friesland Zingt, ensfh. De lêste útstjoering fan dizze searje waard oerkeppeljend Nederland Zingt neamd.