Ariana (pornografysk aktrise)

Ut Wikipedy
Ariana
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Monika Skatulna
nasjonaliteit Afgaansk
Amerikaansk
berne 1 jannewaris 1980
berteplak ? (Afganistan)
etnisiteit Pataansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
lesbysk pornoaktrise
jierren aktyf 20002002
offisjele webside
gjint

Ariana, echte namme: Monika Skatulna (1 jannewaris 1980), is in rêstend Afgaansk-Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise. Hja waard berne yn Afganistan, mar emigrearre as bern mei har heit en mem nei de Feriene Steaten ta. Ariana groeide op yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Koart nei't se de middelbere skoalle ôfmakke hie, sette se dermei útein om as stripper te wurkjen yn in klub yn Los Angeles.

Dêr waard se in jier, oardel letter ûntdutsen troch in fotograaf fan it neakenblêd Score, dat him spesjalisearret yn rûnboarstige modellen. Ariana ferskynde foar it earst yn Score yn in fotoreportaazje yn it julynûmer fan 2000, klaaid (en ûntklaaid) as in búkdûnseresse.

Ariana ûntjoech har al hiel gau ien fan 'e populêrste Score-modellen aller tiden, en fear ek mei op 'e jierlikse Boob Cruise (in cruise op in echt cruiseskip foar lêzers fan Score wêrby't modellen net inkeld jûns optrede, mar harren ek oerdeis by de oare passazjiers jouwe, sadat dy echt mei harren yn 'e kunde komme kinne). Njonken har modellewurk spile Ariana ek mei yn ferskate lesbyske pornografyske films dy't troch The Score Group útbrocht waarden.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: