Argentan

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Argentan
Argentan - Town hall.JPG Stedhûs
Flagge Wapen
Gjin Flagge (Bekend).PNG Blason ville fr Argentan (Orne).svg
Sifers
Ynwennertal 13 730 (2018)
Oerflak 18,18 km²
Befolkingstichtens 755 / km²
Stêdekloft 24 610 (2018)
Hichte 152-228 m
Polityk
Lân Flag of France.svg Frankryk
Regio Flag of Normandie.svg Normandje
Departemint Drapeau non-officiel fr département Manche.svg Orne
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside Side Argentan

Argentan is in lytse stêd en gemeente yn it Frânske departemint Orne yn de regio Normandje. De bewenners wurde "Argentanais" neamd. It plak is ûnderdiel fan it arrondissemint Argentan.

Argentan leit oan de noardlike kant fan de Orne. De tichtstbylizzen stêd is Alençon, dat súdlik fan Argentan leit. Argentan is de tagongspoarte fan it Regionale Natoerpark Normandie-Maine. De nulmeridiaan rint troch Argentan en in stien oan de westlike yngong fan de stêd jout it plak oan.

Untwikkeling befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1800 1851 1901 1954 1999 2018
Ynwennertal 5.618 5.673 6.291 8.339 16.596 13.730

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd yn 1944

Argentan waard yn in delte fan de Orne stifte. Yn de antike tiid hiet it plak Vagoritum. As gallo-romeinske stêd krige Argentan yn de midsiuwsen jimmeroan mear betsjutting. Mei de komst fan de Wytsings waard Argentan ûnderdiel fan Normandje. De hiele midsiuwen troch hie de stêd slim te lijen fan de striid tusken Ingelân en Frankryk. De stêd waard ferskillende keare oermastere en ferneatige. Minister Jean Baptiste Colbert makke yn de tiid fan de Sinnekening fan Argentan in sintrum foar it meitsjen fan kant en dêrmei waard de stêd in konkurrint fan Alençon.

By de Slach om Ingelân spile Argentan tusken july 1940 en maart 1941 in rol, om't de Stukas fan de Dútsers dêrby gebrûk makken fan it noardlik lizzende fleanfjild by Sévigny. Op 5 juny 1944 waard de stêd bombardearre. Allinne it stedsdiel Saint-Martin bleau frij fan de bombardeminten. Sûnt 15 augustus stiene de Amerikanen foar Argentan en pas op 20 augustus folge de befrijing. By de striid waard Argentan foar 80% ferneatige.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Donjon fan Argentan, resten fan de stedsmuorre en de midiuswke Tour Marguerite
  • It slot út de 14e iuw; tsjintwurdich Paleis fan Justysje mei de Sint-Nikolaaskapel (Rue des Anciens Combattants)
  • Église Saint Martin (Rue Saint-Martin, 15e-16e iuw)
  • Église Saint Germain (Rue Saint-Germain, 15e–18e iuw)
  • Chapelle Saint Roch (Chemin de Saint-Roch))

Musea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Maison des dentelles (Kantmuseum), Rue de la Noe
  • Musée Fernand Léger (museum fan de keunstner Fernand Léger), rue de l'Hôtel de Ville