Springe nei ynhâld

Ardarik

Ut Wikipedy

Ardarik (regearre 453-470) wie kening fan it eastgermaanske folk, de Gepiden. Under syn bewâld krigen de Gepiden harren frijheid werom neidat sy tsientallen jierren efterinoar in oan de Hunnen ûnderhearrich folk west wienen.

Neffens Jordanes wie Ardarik ien fan Attila de Hun syn trouste folgelingen doe't de Gepiden noch in ûnderhearrich folk wiene. Yn de slach by Sjalôns yn 451 fjochte hy njonken Attila tsjin it leger fan de Romeinen en harren bûnsmaten. Hoewol't hy bekend stie om syn loyaliteit kaam Ardarik as earste yn opstân tsjin de soannen fan Attila, doe't der nei de dea fan Attilla yn 453 in opfolgingstriid losbarste. Yn de oanrin nei de slach oan de Nadao waard Ardarik ta kriichslieder beneamd fan it mienskiplik leger fan Gepiden en Ostrogoaten. Dy slach fûn plak yn 454 en waard troch de opstannelingen wûn, wêrmei in ein kaam oan de hearskippij fan de Hunnen yn Jeropa. Neffens oerlevering foel de sege úteinlik ûnferwachts foar Alarik, nei in rige fûle en bittere konflikten. Syn leger ferneatige yn totaal tritichtûzen manlju, Hunnen en folken dy help beaen.