Slach op de Katalaunyske Fjilden
De Slach op de Katalaunyske Fjilden, wie op 20 septimber 451 en gie tusken it Romeinske leger, dat foaral bestie út foederaty-kontinginten fan Fisigoaten en Franken oanfierd troch magister militum Aetius, en it sammele leger fan kening Attila, besteande út Hunnen, oanfold mei Ostrogoaten, Gepiden en Alanen. De slach wurdt sjoen as it lêste grutte militêre optreden fan it Romeinske Ryk yn it westen.
Oanlieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de fjirtiger jierren fan de 5e iuw rûn Attila syn kampanje tsjin it East-Romeinske Ryk stadichoan fêst. Dêrom besleat er syn leger tsjin it Westlike Ryk yn te setten. Mei in foar dy tiid gigantysk leger foel er Galje binnen. De stêden Metz en Reims waarden ferovere en Attila loek yn de rjochting fan Parys. Lykwols hie hy dêr te krijen mei swiere tsjinstân troch Parise eilânbewenners yn de rivier de Seine. Genoveva of Geneviève, de lettere beskermhillige fan de stêd Parys, spile hjirby in wichtige rôle. De Pariseners hienen harren skippen sinke litten en alle brêgen fernield, wêrtroch de oanfallen fan de Hunnen hieltyd ôfslein wurde koenen. Uteinlik joegen de Hunnen op en dripten ôf.
De fjildslach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de tsjinslach by Parys loek it leger fan Attila nei Orléans, dêr't sy ferrast waarden troch in oanfal fan de Fisigoaten ûnder lieding fan kening Diderik I. Mei swiere ferliezen moat Attila him tebeklûke nei de Katalaunyske Fjilden. Op dizze grûn kaam it ta de grutte fjildslach tusken Hunnen mei har bûnsmaten oan de iene side en Fisigoaten en Franken, dy't ûnderwilens bystân hienen krige troch de Romeinen ûnder oanfiering fan Aetius, oan de oare side. Hoewol mar krekt, einiget de fjildslach yn in oerwinning troch Aetius mei syn bûnsmaten. Yn dizze slach sneuvele de kening fan de Fisigoaten Diderik. De Hunnekening waard yn de slach net alhiel ferslein, want hy koe mei syn legermacht fuortkomme. Sûnder fierdere kriich berikke sy de Ryn en ferlitte it West-Romeinske Ryk wer. Hjirtroch bleaunen sy in tsjinstanner om rekken mei te hâlden.
Oer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It slachfjild lei mooglik in de buert fan it hjoeddeiske Châlons-en-Champagne en Troyes, mar dat is lykwols noch net archeologysk bewezen.
- Militêr treffen yn 451
- Militêr treffen fan it Romeinske Ryk
- Militêr treffen fan de Franken
- Militêr treffen fan de Fisigoaten
- Militêr treffen fan de Ostrogoaten
- Militêr treffen fan de Boergonden
- Militêr treffen fan de Alanen
- Militêr treffen fan de Saksen
- Militêr treffen fan de Hunnen
- Militêr treffen fan de Germanen
- Militêr treffen fan de Kelten