Springe nei ynhâld

Archangelskoje

Ut Wikipedy
Archangelskoje

Архангельское

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
oblast Oblast Moskou
distrikt Krasnogorsky Krasnogorsky
bysûnderheden
boujier 18e-19e iuw
offisjele webside
arhangelskoe.su

It bûten Archangelskoje is in paleis en park mei oare bouwurken oan de Moskva yn it distrikt Krasnogosk fan de oblast Moskou, likernôch kilometer súdwestlik fan Krasnogorsk en tweintich kilometer westlik fan de Russyske haadstêd Moskou. It âldste gebou op it gebiet is de Aartsingel Michaeltsjerke út de 17e iuw, dy't de namme oan it bûten joech.

Archangskoje is ferneamd om de kolleksje skilderijen út de 17e oant 19e iuw, bylden en ien fan Ruslân's grutste bibleteek fan seldsume boeken mei likernôch 16.000 wurken.

It lângoed is al bekend sûnt 1537, mar hiet foarhinne nei de namme fan ien fan de eigners Aleksej Ivanovitsj Upolotskogo "Upolozy". It bûten wiksele dêrnei in pear kear fan eigner en kaam yn 1703 yn hannen fan prins Dimitry Michailovitsj Golitsyn, dy't troch tsarina Anna Ivanovna beskuldige waard fan sabotaazje en yn 1736 arrestearre waard. Lykwols waard it lângoed yn 1741 werom jûn oan syn soan Alexej Dimitrivitsj Golitsyn en dêrnei gyng it oer op Nikolai Golitsyn. De lêste sette útein mei de bou fan in nij klassistysk paleis troch de Frânske arsjitekt Charles de Guerne. Giacomo Trombaro soarge yn de jierren 1790 foar it ûntwerp fan de twa terrassen mei de balustrades, dy't fersierd waarden mei moarmeren fazen, banken en bylden fan âlde goaden, helden en filosofen.

It âldste bouwurk op it gebiet: de Tsjerke fan de Aartsingel Michael
Herakles en Antaios

Yn 1810 kocht de keunstleafhawwer prins Nikolai Jûsûpov it bûten oan om dêr syn kolleksje ûnder te bringen. Troch de ynfaazje fan de Frânsen yn 1812 moast de keunstkolleksje yn alle hasten oerbrocht wurde nei it fiere Astrakhan, it bûten waard plondere en rekke yn 1820 fierder skeind troch brân. Foar it herstel waarden de bêste arsjitekten út Moskou oansteld en it krige de bynamme "It Versailles fan Moskou". It waard in bûtenpleats dêr't de hegerein graach kaam en tal fan pommeranten besochten it bûten, dêrûnder wiene skriuwers, dichters, keunstners en musisy en leden fan it keninklik hûs.

Oan it begjin fan de 20e iuw waard noch in grutte renovaasjes fan it paleis útfierd. It bleau yn de famylje Jûsûpov oant it nei de revolúsje troch de bolsjewiken ûnteigene waard.

Prins Feliks Jûsûpov, de soan fan de lêste eigner, beskreau yn syn memoires Avant l'Exil ('Foar de ferballing) it bûten wiidweidich. Net fier fan Archangelskoje steane de resten fan it bûten Ilinskoje fan grutfoarst Sergej Alekandrovitsj, dy't it nei syn dea neiliet oan syn omkesizzer Dimitri Pavlovitsj. Feliks Jûsûpov en Dimitri Pavlovitsj wiene beide anneks mei de moard op Raspûtin.

Archangelskoje waard in museum en tusken 1934 en 1937 waard in diel fan de gebouwen ôfbrutsen foar de bou fan in sanatoarium foar it Folkskommisariaat fan Definsje.

Tsjintwurdich is Archangelskoje in steatsmuseum.

Grêfmonumint
Hillige Poarte
  • Grutte paleis (1784 oant 1820)
  • Jûsûpov-grêfmonumint (boud tusken 1909 en 1916 troch R.I. Klein n.o.f. de tragyske dea fan Nikolai Feliksovitsj Jûsûpov, in soan fan de lêste eigner)
  • Aartsingel Michaeltsjerke (it âldste gebou op it goed; 1646)
  • Hillige Poarte dy't lied nei de Michaeltsjerke (1824)
  • Ommuorring mei in poarte en houten tuorren (1826)
  • Bôge oer it ravyn mei in houten boppebou (it ein fan de 18e iuw, troch Osip Bove yn 1816 op 'e nij boud)
  • Tsjinstgebou (ein 18e iuw, yn de jierren 1822-1823 op 'e nij boud troch arsjitekt E.D. Tjûrin)
  • It lytse slot "Kaprys" (ein fan de 18e iuw, yn 1817-1818 op 'e nij boud troch de arsjitekt E.D. Tjûrin)
  • Teehûs
  • Teater Gonzaga (1817-1818)
  • Monumint foar Katarina II (1819)
  • Roze fontein (jierren 1850)
  • Monumint Aleksander Pûsjkin (1903) - Aleksander Pûsjkin
  • Keizerlike kolom ta eare fan de besite fan tsaar Aleksander I (1816).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]