Archangelskoje (bûten)
Archangelskoje Архангельское | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
Paleis | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
oblast | ![]() | |
stêd | Krasnogorsk | |
koördinaten | 55°47'N 37°17'E | |
bysûnderheden | ||
boujier | 18e-19e iuw | |
offisjele webside | ||
arhangelskoe.su | ||
kaart | ||
It bûten Archangelskoje is in paleis en park mei oare bouwurken oan 'e Moskva yn Archangelskoje, in stedsdiel fan Krasnogorsk yn 'e Moskou, likernôch in kilometer súdwestlik fan 'e stêd Krasnogorsk en twintich kilometer westlik fan 'e Russyske haadstêd Moskou. It âldste gebou op it gebiet is de 17e-iuwske Aartsingel Michaeltsjerke, dy't de namme oan it bûten joech.
It bûten is ferneamd om de kolleksje skilderijen út de 17e oant 19e iuw, bylden en ien fan Ruslân's grutste bibleteek fan seldsume boeken mei likernôch 16.000 wurken.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It lângoed is al bekend sûnt 1537, mar hiet foarhinne nei de namme fan ien fan 'e eigners Aleksej Ivanovitsj Upolotskogo "Upolozy". It bûten wiksele dêrnei in pear kear fan eigner en kaam yn 1703 yn hannen fan prins Dimitri Michailovitsj Golitsyn, dy't troch tsarina Anna Ivanovna beskuldige waard fan sabotaazje en yn 1736 arrestearre waard. It lângoed waard lykwols yn 1741 werom jûn oan syn soan Aleksei Dimitrivitsj Golitsyn en dêrnei gyng it oer op Nikolai Golitsyn. De lêste sette útein mei de bou fan in nij klassistysk paleis neffens in ûntwerp fan 'e Frânske arsjitekt Charles de Guerne. Giacomo Trombaro soarge yn 'e jierren 1790 foar it ûntwerp fan de twa terrassen mei de balustrades, dy't fersierd waarden mei moarmeren fazen, banken en bylden fan âlde goaden, helden en filosofen.

Yn 1810 kocht de keunstleafhawwer prins Nikolai Jûsûpov it bûten oan om dêr syn kolleksje ûnder te bringen. Troch de ynfaazje fan de Frânsen yn 1812 moast de keunstkolleksje yn alle hasten oerbrocht wurde nei it fiere Astrachan, it bûten waard plondere en rekke yn 1820 fierder skeind troch brân. Foar it werstel waarden de bêste arsjitekten út Moskou oansteld en it krige de bynamme "It Versailles fan Moskou". It waard in bûtenpleats dêr't de hegerein graach kaam en tal fan pommeranten besochten it bûten, dêrûnder wiene skriuwers, dichters, keunstners en musisy en leden fan it keizerlik hûs.
Oan it begjin fan 'e 20e iuw waard noch in grutte renovaasje fan it paleis útfierd. It bleau yn 'e famylje Jûsûpov oant it nei de revolúsje troch de bolsjewiken ûnteigene waard.
Prins Feliks Jûsûpov, de soan fan 'e lêste eigner, beskreau yn syn memoires Avant l'Exil ('Foar de ferballing') it bûten wiidweidich. Net fier fan Archangelskoje steane de resten fan it bûten Ilinskoje fan grutfoarst Sergej Alekandrovitsj, dy't it nei syn dea neiliet oan syn omkesizzer Dimitri Pavlovitsj. Feliks Jûsûpov en Dimitri Pavlovitsj wiene beide anneks mei de moard op Raspûtin.
Archangelskoje waard in museum en tusken 1934 en 1937 waard in diel fan 'e gebouwen ôfbrutsen foar de bou fan in sanatoarium foar it Folkskommisariaat fan Definsje.
Tsjintwurdich is Archangelskoje in steatsmuseum.
Bouwurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Grutte paleis (1784 oant 1820).
- Jûsûpov-grêfmonumint (boud tusken 1909 en 1916 troch R.I. Klein n.o.f. de tragyske dea fan Nikolai Feliksovitsj Jûsûpov, in soan fan de lêste eigner).
- Aartsingel Michaeltsjerke (it âldste gebou op it goed; 1646).
- Hillige Poarte, dy't lied nei de Michaeltsjerke (1824).
- Ommuorring mei in poarte en houten tuorren (1826).
- Bôge oer it ravyn mei in houten boppebou (ein 18e iuw, troch Osip Bove yn 1816 op 'e nij boud).
- Tsjinstgebou (ein 18e iuw, yn 'e jierren 1822-1823 op 'e nij boud troch arsjitekt E.D. Tjûrin).
- It lytse slot "Kaprys" (ein fan 'e 18e iuw, yn 1817-1818 op 'e nij boud troch de arsjitekt E.D. Tjûrin).
- Teehûs.
- Teater Gonzaga (1817-1818).
- Monumint foar Katarina II (1819).
- Roze fontein (jierren 1850).
- Monumint Aleksander Pûsjkin (1903) - Aleksander Pûsjkin.
- Keizerlike kolom ta eare fan de besite fan tsaar Aleksander I (1816).
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Tsjinstgebou
-
Lyts Slot
-
Teehûs
-
Sanatoariumgebouwen op it lângoed
-
Menelaüs dy't it lichem fan Patroklus fêsthâldt
-
Monumint foar Katarina II
-
Roze fontein
-
Herakles en Antaios
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Russysk- en Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Архангельское (усадьба) en fr:Arkhangelskoïe
|