Arafuerasee
Arafuerasee | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | tusken Yndoneezje en Austraalje | |
lân | Austraalje Yndoneezje | |
ûnderdiel fan | Grutte Oseaan | |
sifers | ||
maks. lingte | 1.290 km | |
maks. breedte | 560 km | |
oerflak | 650.000 km² | |
djiptegemiddelde | 150 m | |
djipste punt | 3.680 m |
De Arafuerasee is in rânesee fan de Grutte Oseaan en leit tusken Yndoneezje en Austraalje, súdwestlik fan West-Papoea.
De trochsneed djipte is tusken de 50 en 200 meter. De see hat net safolle skipfeart en der binne noch in soad frijwat ûnbekende dielen, saneamde unsurveyed areas. Op seekaarten wurde dy gebieten dúdlik oanjûn mei it each op mooglik gefaar foar de skipfeart.
De Arafuerasee is in wichtich fiskfangstgebiet foar de oanswettende regio's. Lykwols driget der (yllegaal) oerbefiskjen en fersmoarging. Meast wurdt tonyn, makriel, ferskate sardinesoarten en grenaten fongen, dy't ek útfierd wurde. Der wurdt tocht dat ûnder it kontinintaal plat grutte ierdoalje- en ierdgasfjilden sitte.[1]
Om ekonomyske ûntjouwing en beskerming fan wetter en libjende organismen goed te regeljen, is der sûnt 2003 in gearwurkingsferbân fan steats- en net-steatske organisaasjes ûnder de namme „The Arafura and Timor Seas Experts Forum (ATSEF)“ opset, dy't ûndersyk en gearwurking tusken de steaten Austraalje, Yndoneezje, Papoea Nij-Guinea en East-Timor koördinearret.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|