Springe nei ynhâld

Paulus (apostel)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Apostel Paulus)
Ikoan fan de apostel Paulus.

Paulus (Tarsus, 5Rome, 67) wie ien fan de earste lieders fan de kristenen, en is de skriuwer fan it grutste part fan de boeken fan it Nije Testamint.

Fanatyske Fariseeër.

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Paulus waard berne yn Tarsus yn in Joadske famylje dy’t it mei de opfettings fan de Fariseeërs iens wienen. Syn eigen Joadske namme wie earst Saul en hy waard Joadsk opbrocht. Paulus kaam út de stam fan Benjamin. Hy hie ek in suster. Paulus hie nei alle gedachten it Romeinsk boargerrjocht yn Tarsus krigen, wêrtroch't Paulus sizze koe dat hy in Romeinsk boarger wie. Dertroch hat Paulus him beroppe kinnen op de keizer, wêrtroch't de boadskip fan it evangeelje yn de heechste streken fan it ryk ta kommen koe. Paulus wie troch syn opfieding in fanatysk en radikaal man. Hy ferfolge de earste Kristenen. Doe't Paulus jong wie gie hy al nei Jeruzalim. By it proses fan Stephanus wie Paulus in tsjûge.

Paulus woe ek op oare plakken kristenen ferfolgje. Ienkear gie hy op wei nei Damaskus om noch mear Kristenen dea te meitsjen. Underweis moete hy Jezus Kristus. Paulus seach in grut ljocht en Jezus prate nei him, sizzende dat er de kristenen net mear ferfolgje moast. Ek sei Jezus dat hy Paulus brûke soe. De minsken dy’t mei Paulus reizgen seagen allinne mar in ljocht, mar hearden de stimme fan Jezus net. Nei it barren wie Paulus blyn, trije dagen lang iet en dronk hy net. Ananias hat him genêzen. Doe hat Paulus him bekeard en hat er him dope litten.

Sindingsreizen.

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't hy kristen wurden wie, begûn er ek mei preekjen. Koart dernei is hy nei Sisylje gean, dêr't er tsien jier bleaun is. It is net bekend wat hy dêr dien hat. De earste sindingsreis dy’t Paulus makke reizge er tegearre mei Barnabas. Fia Syprus giene se nei it suden fan Lyts Aazje. De gewoante fan Paulus by dizze sindingsreizen wie om earst de synagoge te besykjen. As hy net talitten waard om yn de synagoge te preekjen, gie hy preekjen foar de heidenen. Om't hy tsjin de heidenen preke, kaam hy yn konflikt mei de Joadske kristenen.

Paulus' bekearing op wei nei Damaskus
Michelangelo Buonarroti, 1542

In twadde sindingsreis makke hy tegearre mei Timoteüs. Se gienen nei Masedoanje, dêr't hy yn Fillippi en Thessalonika it evangeelje brocht. Dêrnei gie hy troch nei Atene, Korinte en fia Efeze reizge hy nei Jeruzalim. Yn Jeruzalim waard hy arrestearre op fertinking fan timpelskeining. Dermei begûn in lang proses foar de Romeinske stedhâlders, Felix en Festus, wylst Paulus yn Ceaserea finzen siet. As Romeinsk boarger, koe hy him beroppe op de keizer, dan moast er nei Rome brocht wurde en om terjochtsteld te wurden. Nei in gefaarlike seereis kaam hy oan yn it foarjier fan it jier 60. Yn it jier 64 is er ûnthalze op oarders fan Keizer Nearo. Hy hat 20 jier reizge en preke.

Syn feestdagen binne 25 jannewaris (de dei fan syn bekearing), 29 juny (tegearre mei Petrus) en 18 novimber. Paulus is de patroanhillige fan Bath, het aartsbisdom Filadelfia, de bisdommen Birmingham (Alabama), Covington, Worcester, Providence, Las Vegas, Malta, Münster, Naumburg, Poznan, Rome, Umbrje en Kavala. Fierders is hy de patroanhillge fan de skriuwers, de evangelisten, de sjoernalisten, de kranteredaksjes, de musisy, de missybiskoppen, de teologen, de sielesoargers, iepenrelaasjeswurkers, de sadelmakkers en de seilmakkers. Hy wurdt oanroppen tsjin slangen en slangebiten, eachpine, eangst, krampen en tonger, foar rein en fruchtbere ekers.