Antonov An-2

Ut Wikipedy
Antonov An-2


Rol muli role
Makker Antonov
Untwerper Oleg Antonov
Earste flecht 31 augustus 1947
Yn tsjinst 1948
Ut tsjinst n.f.t.
Tal makke 18.000 (1947-2001)
Brûkers Sovjet-Uny,Noard-Korea
Sina
protte oaren
Farianten Antonov An-3 (An-2 mei turboprop)
Antonov PZL-Kalisz ASz-61R 1000 pk 7 silinder stjermotor út in An-2

De Antonov An-2 (Russysk: Ан-2, bynamme Annûska) (NAFO-koadenamme: Colt) is in fleanmasine dy't troch haadûntwerper Oleg Antonov ûntwurpen is. Hy sketste it ûntwerp yn de Twadde Wrâldoarloch. Nei de oarloch stichte Oleg het Antonov Aviation Scientific-Technical Complex op om de Antonov-twadekker te fabrisearjen.

De Antonov An-2 waarden tal fan farianten fan makke; der waarden tastellen brûkt foar passazjiersferfier, fracht, eksploraasje, ambulancetsjinst en lânbou. De An-2 koe útrisd wurden mei tsjellen, sky's of driuwers. It tastel koe hiel wat ferneare en wie dêrom gaadlik foar de faak hurde omstannichheden yn de Sovjet-Uny. It tastel waard in sa'n grut súkses dat it ek yn lisinsje boud waard yn oare lannen, ûnder oaren yn Poalen en Sina. Der binne totaal likernôch 18.000 fan makke dy't fral yn de eardere Eastbloklannen brûkt waarden.

Nei de delfal fan it kommunisme yn Jeropa binne der in protte tastellen troch westerlingen kocht. Se wurde û.o. brûkt foar parasjutespringen en yn Kanada en Amearika wurde se as transportfleantugen ynset op flechten nei de wyldernissen fan Alaska en it hege noarden fan Kanada. Yn Nederlân binne ek twa fleanreeë eksimplaren. De Hongaarsk registrearre HA-ANI hat as thúsbasis Fleanfjild Teksel. Sûnt 2003 is der in Antonov 2 mei de registraasje D-FONL, dy't út Teuge wei fleand. De firma Classic Wings, dy't in ferfiersfergunning hat, fljocht mei dy An-2 yn hiel Nederlân en oanswettende lannen.

It tastel wurdt hjoed-de-dei wer makke troch in Russyske firma, mar no mei in turbopropmotor en in nije digitale cockpit. Dit tastel wurdt de An3-t neamd.

Spesifikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mjitten en prestaasjes Antonow An-2P (WSK-PZL)
Bemanning 1-2
Passazjiers 12
Lingte 12,74 m
Spanwiidte boppe: 18,18 m / ûnder: 14,24 m
Fleugeloerflak meiïnoar 71,60 m²
Hichte 4,13 m
Topfaasje 258 km/o (op 1750 m)
Krúsfaasje 190 km/o
Fleanberik 1.390 km (mei folle tank, sûnder reservetanks)
Tsjinstplafond 4.400 m
Gewicht leech 3.450 kg
Maks. startgewicht 5.500 kg
Oandriuwing Njoggensylinder-stjermotor Schwezow ASch-62IR
Motorfermogen 736 kW (1.000 hk)
Startbaan nedich 150 m
Lâningsbaan nedich 180 m


Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]