Springe nei ynhâld

Antoniusfloed

Ut Wikipedy
East-Fryslân om 1600 hinne troch Ubbo Emmius

De Antoniusfloed, ek wol iisfloed neamd, wie in swiere stoarmfloed op 16 jannewaris 1516 dy't de kust fan East-Fryslân trof en nei de hjeldei fan Antonius de Grutte, 17 jannewaris neamd waard. De stoarm, mank mei in soad iis bruts troch de seediken hinne en feroarsake, mank mei de iisskossen, in soad skea, benammen yn Rjustringen en Bûtjadingen. De gefolgen wiene grut, ek om't it gebiet yn de foargeande jierren, 1509 en 1510 troffen waard troch in rige stoarmen.

Om't de diken net mear reparearre wurde koene, waard it needsaaklik en jou ferskate karspels en doarpen op. Yn de Jadeboezem foar Sande oer, gie it om de karspels Oldebrügge, Bordum, Bant, Ahm, Ellens, Seediek en de Johanniterkommanderij Havermonniken. In stikmannichoare karspels waarden al yn de fyftjinde iuw opjûn.

It lânferlies yn de Doalert, Jadeboezem en tusken Jade en Weser wie grut. Arngast waard in eilân yn de Jadeboezem. De Doalert en de Jadeboezem berrikten harren wiidste omfieming en der ûntstie in ynbrek tusken Jade en Weser.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: