Antoinette Hertsenberg

Ut Wikipedy
Antoinette Hertsenberg (1994)

Antonia Maria (Antoinette) Hertsenberg (De Haach, 28 desimber 1964) is in Nederlânske presintatrise, dy't oan it wurk is by de omropferiening TROS.

Hja is programmamakster, en leit har meast ta op konsuminteprogramma's. Sy bringt twa programma's: TROS Radar en Opgelicht?!. Ek is hja reservepresintatrise foar it aktualiteiteprogramma EénVandaag. Hertsenberg waard troch faktydskrift Villamedia magazine ta Sjoernalist fan it Jier 2009 útroppen: Zij dankt die uitverkiezing aan de berichtgeving in het programma TROS Radar over de kredietcrisis en in het bijzonder over de DSB Bank.[1] Op 19 oktober 2010 waard sy troch moanneblêd Opzij útroppen ta de 'machtigste mediavrouw van Nederland'.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2009 - De dunne vegetariër. Verrukkelijk vegetarisch eten in een handomdraai, Karakter Uitgevers, ISBN 9789061129479
  • 2010 – De Kleine Vegetariër. Vegetarische recepten voor kinderen van 0-15 jaar (en hun ouders!), Karakter Uitgevers, ISBN 9789061128090 (yn 'e mande mei Marion Pluimes)
  • 2011 – Puur Plantaardig. Lekker snel, lekker makkelijk, lekker gezond, Karakter Uitgevers, ISBN 9789045201924 (mei Jacinta Bokma)
  • 2014 – De Dunne Vegan. Lekker snel, lekker makkelijk, lekker gezond, Karakter Uitgevers, ISBN 9789045204390 (mei Jacinta Bokma)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. NVJ.nl