Blaupoatsje
Blaupoatsje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Anser brachyrhynchus | ||||||||||||
Baillon, 1834 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
briedfûgel wintergast |
It blaupoatsje (Anser brachyrhynchus) is in goes út it skaai guozzen (Anser). De fûgel briedt yn East-Grienlân, Yslân en Spitsbergen en oerwinteret yn Noardwest-Europa. Oant 2009 oerwinteren tsientûzenen blaupoatsjes yn Súdwest-Fryslân. Mei't in soad blaupoatsjes hjoed-de-dei foar Denemark kieze, is der sûnt in foarse tebekgong fan 'e soarte yn Fryslân.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It blaupoatsje hat in soad fan 'e Taigawink (Anser fabalis), mar hat gjin oranje mar rôze poaten. Fierder hat it blaupoatsje in ljochtgrize rêch en griisbrún streke fearren, in donkere kop en in wat koartere snaffel mei in rôze bân. Mei in gewicht fan 2,5 oant 3,5 kg, in lingte fan trochstrings 66 sm en in spanwiidte fan 130 oant 170 sm is de fûgel ek wat lytser as de Taigawink.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blaupoatsjes binne trekfûgels, dy't harren mei oare guozzen op 'e trek oanslute. Winterdeis binne se te sjen op 'e Britske Eilannen, yn Nederlân en de kustgebieten fan Noard-Dútslân en Denemark. De fûgels yn 'e Britske wintergebieten briede yn Grienlân en Yslân, wylst de fûgels fan it Europeeske fêstelân op Spitsbergen briede. Yn it Europeeske binnenlân is de fûgel seldsum. Dwaalgasten binne út en troch ek yn 'e Kanadeeske provinsjes Kebek en Newfoundland en Labrador te sjen.
Earder oerwintere likernôch 60% fan alle Europeeske blaupoatsjes yn Nederlân. De oerwinterjende Nederlânske populaasje sit hast hielendal yn Fryslân. In lytse Nederlânske populaasje is fierder te finen tusken De Haach en Rotterdam. Mei't de fûgels yn Denemark yn 'e hjerst in rynsk oanbod oan maisstoppels ûntdutsen, bliuwe in soad fûgels noardliker hingjen. Dat ferklearret de foarse taname fan 'e oerwinterjende populaasje yn Denemark, wylst dy fan Fryslân foars tebek rûn.[1]
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels ite yn harren briedgebieten planten, blêd, beien en sied. Winterdeis ite se gers en krûden, mar ek wat der op 'e fjilden fan 'e lânbou lizzen bliuwt. Yn 'e 19e iuw learde de goes bygelyks om ierappels te iten, dy't nei de rispinge lizzen bleaune en dy't nei de froast weak waarden. Ierappels foarmje foar de yn Grut-Brittanje oerwinterjende blaupoatsjes de wichtichste fiedselboarne.
Briedtiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Begjin juny begjint de briedtiid nei't yn maaie de fûgels út harren wintergebieten oankamen. Se briede yn iepen koloanjes oan 'e râne fan kliffen en rotsen of op eilannen yn rivieren. Ut en troch binne nêsten te finen op 'e iepen toendra. Der binne fûgels dy't deselde lokaasje faker brûke foar it bouwen fan in nêst.
De 3 oant 7 aaien wurde yn goed trijeënheale wike útbret. Mantsjes briede, net mar hâlde tafersjoch op syn wyfke en piken. De piken ferlitte al gau it nêst en kinne nei likernôch 2 moanne fleane. As yn july de folwoeksen fûgels ferfearje en likernôch 25 dagen net fleane kinne, foarmje se mei soartegenoaten grutte groepen. Ornaris begjint yn augustus de trek nei de oerwinteringsgebieten. As de jonge fûgels trije wurde, begjinne se sels te brieden.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wrâldpopulaasje is foars groeid en rûsd wurdt dat der likernôch 410.000 fûgels binne. De Europeeske populaasje wurdt op 114.000 oant 148.000 fûgels rûsd (2015). Dêrfandinne wurdt de soarte troch de IUCN as net bedrige klassifisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dit artikel is foar in grut part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar boarnen en oare ferwizings op en:Brazilian merganser
|
- Fûgelsoarte
- Goes (fûgel)
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Grienlân
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Spitsbergen
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Yslân