Ansen
Ansen | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Drinte | |
Gemeente | De Wolden | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 296 | |
Oar | ||
Koördinaten | 52° 47' NB, 6° 20' OL |
Ansen, (Nedersaksysk: Aansen) is in iesdoarp yn de gemeente De Wolden (oant 1998 Ruinen) benoardwesten Ruinen en besuden Dwingeloo.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Benoardeasten it doarp lizze it Anserfjild (greiden) en de Anserdennen mei it Ansersân (tegearre 100 ha), benoardwesten de Anser Hea- en miedlannen. Boarnen skriuwe: 1261 de Ance, 1262 de Ancen, 1263 Anece, 1273 Ansen, 1316 de Ancen, 1325 de Amsen, 1333 de Ansen en yn de 14e iuw Anze en Enze. Op de Frânske kaart (1811-1813) stiet Anssen; de lettere bosk hjitte doe Anssner Zand. Grif sil de namme te krijen hawwe mei de ferâldere manljusnamme Anse. Ansen hearde net ta de hearlikheid Ruinen, mar wol ta de parochy, en wie ek ferplichte "skuldmudden" te beteljen. Ansen levere doetiids ien mud; der stie dus mar ien hûs. Yn de 12e iuw is der sprake fan in Hûs te Ansen, bewenne troch Volker, in neef fan de biskop en stamfaar fan it geslacht Ansen. As represaille foar de ferlerne Slach by Ane (1227) waarden yn 1228 Ansen en it Hûs troch de opfolgers fan de biskop fan Utert alhiel ferwoaste. Om 1800 hinne is it fannijs opboude hûs, de state (havezathe) Ansen, sloopt en as buorkerij oplutsen. It doarp stiet bekend om syn moaie Saksyske pleatsen en it lângoed Rheebruggen (rjochting Uffelte).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
De Wolden | ||
---|---|---|
Doarpen: Alteveer • Ansen • Drogteropslagen • Echten • Eursinge • Kerkenveld • Koekange • Linde • Ruinen • Ruinerwold • Veeningen • De Wijk • Zuidwolde | ||
Buorskippen: Anholt • Armweide • Bazuin • Benderse • Berghuizen • Blijdenstein • Bloemberg • Braamberg • Buitenhuizen • Bultinge • Dijkhuizen • Dikninge • Drogt • Dunnigen • Eemten • Engeland • Fort • Gijsselte • Haakswold • Haalweide • Hees • Hoge Linthorst • Koekangerveld • Kraloo • Leeuwte • Lubbinge • Lunssloten • Middelveen • Nolde • Oldenhave • Oosteinde • Oosterwijk • Oshaar • Oud Veeningen • De Oude Tol • Paardelanden • Pieperij • Rheebruggen • Ruinerweide • Schottershuizen • Schrapveen • De Stapel • Steenbergen • Struikberg • De Stuw • Ten Arlo • De Tippe • Vuile Riete • Weerwille • Wemmenhove • Witteveen | ||
· · |