Annes Elwy

Ut Wikipedy
Annes Elwy
akteur
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Britsk
berne 7 juny 1992
berteplak Penarth
etnisiteit Welsk
jierren aktyf 2010 - no
offisjele webside
IMDb-profyl

Annes Elwy (7 juny 1992) is in Welske aktrise út Penarth.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Elwy studearre oan it Royal Welsh College of Music and Drama yn Cardiff. Yn 2010 hie hja har earste rol yn de film Yr Ymadawiad. Yn 2017 spile se ien fan de haadrollen yn de spylfilm King Arthur: Excalibur Rising. Ek yn 2017 hie hja in rol yn de telefyzjerigen Electric Dreams en Little Women en yn 2018 yn de spylfilm Apostle. Yn 2019 spile se de rol fan Mia Owen yn seis ôfleveringen fan de telefyzjerige Hidden.

Yn 2018 stie se op de nominaasje foar in BAFTA Cymru Award foar bêste aktrise (Yr Actores Orau) foar har rol yn Little Women (2017)

Har teäterwurk omfette produksjes fan The Crucible yn de Bristol Old Vic, YEN yn de Royal Exchange, Manchester en No Other Like Today / Diwrnod Heb Ei Debyg mei it National Youth Theatre of Wales.[1]

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2010: Yr Ymadawiad
  • 2015: The Passing
  • 2017: King Arthur: Excalibur Rising
  • 2017: Electric Dreams (telefyzjerige)
  • 2017: Little Women (telefyzjerige, 3 ôfleverings)
  • 2018: Apostle
  • 2019: Hidden (telefyzjerige)
  • 2021: The Feast (Gwledd)
  • 2021: The Toll
  • 2022: Y Golau/The Light in the Hall (telefyzje, 2022)[2]
  • 2023: Wolf (telefyzjerige), as Lucia (6 ôfleveringen)
  • 2023: Y Sŵn(film)
Fideospul
Jier Titel Personaazje
2022 Horizon Forbidden West Raynah / Zikka (stim)

Keppelingen om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Annes Elwy". Royal Court Theatre. Sjoen 7 july 2021.
  2. The Light in the Hall [1]