Annemarie Postma (model)
Annemarie Postma | ||
model | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Annemarie de Vries-Postma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1969 | |
berteplak | Nieuwkoop | |
wurkpaad | ||
soarte model | Neakenmodel |
Annemarie de Vries-Postma (Nieuwkoop, 1969[1]) is in Nederlânsk skriuwster, kollumniste en earder neakenmodel.
Op har alfde rûn Annemarie in dwerslesy op wertroch't se ferlamme rekke oan har skonken[2]. Doe't hja yn 1981 in rolstoel terjochte kaam troch in net betiid genôch erkende tikebyt, ferkochten har âlden harren reklameburo yn Amsterdam en ferhuzen nei Fryslân omdat it bernerevalidaasjesintrum Lyndensteyn yn Beetstersweach tige goed bekend stie. Dêr hat hja jierren yntern sitten. Op har sechtjinde gie se nei it gymnasium op it Hearrenfean en wenne oant har tweintichste yn Súdeast Fryslân. As tweintiger besocht se as model troch te brekken. Nei ferskate ôfwizingen fanwegen har handicap kaam se ûnder kontrakt by in Britsk modelleburo foar modellen mei in lichaamlike beheining.[3] Yn 1995 liet se har troch de Nederlânske edysje fan it manljusblêd Playboy neaken yn har rolstoel fotografearje.[4][5]
Yn 1997 publisearre Postma har earste boek: it autobiografyske Ik hou van mij.[6] Letter lei se har ta op boeken oer spiritualiteit.[7] Se skreau jierrenlang in kollumn yn Friesland Post.[8] Ek hie se in skofke in kollumn yn it Algemeen Dagblad. Yn op syn minst ien fan dizze kollums hie se har negatyf útlitten oer gemoterapy by kanker, wat har yn 2006 in nominaasje opsmiet foar de Master Kackadorispriis, in priis dy't yn it libben roppen is troch de Feriening tsjin de Kwaksalverij.[9] Fan 2016 ôf kaam Annemarie mei in rige dieetboeken rjochte op minsken mei in rolstoel.[10][11] . Ut ûndersyk troch diëtisten yn 2019 die bliken dat minsken dy't dit dieet folgden grutte sûnens risiko's rûnen.[12]
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ik hou van mij – de kracht van zelfliefde; (1996) ISBN 9789082059915
- Happy single In de War; (2004) ISBN 9789059113572
- Hartsverstand; (2005) ISBN 9789069747071
- Liefde maken; (2007) ISBN 9789059112865
- Het lichaam is perfect; Meulenhoff Boekerij (2007) ISBN 9789022547564
- The deeper secret of love; VBK Media (2008) ISBN 9789020202274
- Stukjes leven; (2008) ISBN 9789049200329
- Perfecte Juices & Smoothies - Voor Ieder Moment Van De Dag; útjouwerij Forum (2009) ISBN 9789049200718
- Ziels gezond; útjouwerij Bruna, (2010) ISBN 9789022997123
- De Helende Kracht Van Acceptatie; (2011) ISBN 9789022998618
- Leven in acceptatie; Unieboek (2012) ISBN 9789000315598
- De zweefteef en de hufter - een vulpencorrespondentie tussen twee werelden; (2012) ISBN 978900031023
- The sitting chef; uitgeverij Paagman (2016) ISBN 9789082059922
- Het sit smart dieet - Leefstijl als medicijn; (2019) ISBN 9789082059946
- as ko-auteur
- Het SSD plan - het complete voedingsprogramma bij diabetes type 2; (2021) ISBN 9789082059953
- Handboek leefstijlgeneeskunde; (2021) ISBN 9789082059977
- Ik ben het waard; (2021) ISBN 9789082059939