Springe nei ynhâld

Annemarie Postma (model)

Ut Wikipedy
Annemarie Postma
model
persoanlike bysûnderheden
echte namme Annemarie de Vries-Postma
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1969
berteplak Nieuwkoop
wurkpaad
soarte model Neakenmodel

Annemarie de Vries-Postma (Nieuwkoop, 1969[1]) is in Nederlânsk skriuwster, kollumniste en earder neakenmodel.

Op har alfde rûn Annemarie in dwerslesy op wertroch't se ferlamme rekke oan har skonken[2]. As tweintiger besocht se as model troch te brekken. Nei ferskate ôfwizingen fanwegen har handicap kaam se ûnder kontrakt by in Britsk modelleburo foar modellen mei in lichaamlike beheining.[3] Yn 1995 liet se har troch de Nederlânske edysje fan it manljusblêd Playboy neaken yn har rolstoel fotografearje.[4][5]

Yn 1997 publisearre Postma har earste boek: it autobiografyske Ik hou van mij.[6] Letter lei se har ta op boeken oer spiritualiteit.[7] Ek hie se in skofke in kollum yn it Algemeen Dagblad. Yn op syn minst ien fan dizze kollums hie se har negatyf útlitten oer gemoterapy by kanker, wat har yn 2006 in nominaasje opsmiet foar de Master Kackadorispriis, in priis dy't yn it libben roppen is troch de Feriening tsjin de Kwaksalverij.[8] Fan 2016 ôf kaam Annemarie mei in rige dieetboeken rjochte op minsken mei in rolstoel.[9][10] . Ut ûndersyk troch diëtisten yn 2019 die bliken dat minsken dy't dit dieet folgden grutte sûnens risiko's rûnen.[11]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: