Anne Hallema
Appearance
Anne Hallema (Tsjom, 8 septimber 1893 - Breda, 23 febrewaris 1973) wie in autodidaktysk histoarikus.
Nei syn koarte ûnderwizersloopbaan kaam Hallema yn 1920 by it Ryks Tucht- en Opfiedingswezen en wenne letter yn Breda. Hy die in soad argyfûndersyk oer it finzeniswezen, sosjale skiednis ensfh. Hy skreaun in tritichtal gruttere wurken en in grut tal artikels.
Yn 1934 waard er keazen as lid fan de Nederlânske Maatskippij fan de Letterkunde. Fierdere erkenning foar syn wurk die bliken út de Keninklike ûnderskieding dy't him yn 1964 takend waard.
Bibliografy (foar Fryslân fan belang)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Koart oersjoch Fryske skiednis (1918)
- Geschiedenis Nederlandsch hervormde kerk te Franeker
- Geschiedeins Klaarkampster weeshuis Franeker (1929)
- Humor en satire in de Friesche namenkunde... (Naarden, 1946)
- Franeker door de eeuwen heen (1953)
- Vier eeuwen weeshuisgeschiedenis in Bolsward (1953)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|