Springe nei ynhâld

Anna van Hogendorp

Ut Wikipedy
Anna van Hogendorp

Jonkfrou Anna van Hogendorp (De Haach, 7 septimber 1841 - dêre, 5 maart 1915) wie in foarfjochtster fan frouljusemansipaasje.

Van Hogendorp waard berne yn de aadlike famylje Van Hogendorp en wie in dochter fan jurist mr. Dirk van Hogendorp (1797-1845) en dy syn folle nicht jkfr. Marianne Catherine van Hogendorp (1805-1878). Sy wie in pakesizzer fan de ferneamde steatsman Gijsbert Karel van Hogendorp (1762-1834).[1]

Har heit stoar doe't hja trije-en-healjier âld, har mem bleau oer mei sân bern. Har âlden hearden ta de rûnten fan it Haachsk Réveil en hienen kunde oan alle foaroanmanlju fan dy beweging.

Yn 1847 rjochte har mem de earmesoarchferiening Vrienden der Armen op. Sy en har suster Marianne van Hogendorp (1834-1909) rekken dêr al op jonge jierren by belutsen. Nei it ferstjerren fan harren mem namen de susters de feriening oer. Van Hogendorp rjochte har boppedat op de Toevlucht voor Daklooze Vrouwen en Meisjes.

Wilens die hja in soad oan selsstúdzje en fan 1869 ôf publisearre hja. Yn 1878 ferskynde in bondel fan har publikaasjes, en der ferskynden trije biografyske sketsen fan har hân. Dêrnei waard hja lid fan de Nederlandsche Maatschappij voor Letterkunde (1902) en fan it Historisch Genootschap (1909).

1878 wie ek it jier fan fertsjerren fan har mem; dêrnei wenne sy mei har susters, Marianne en Wilhelmine (1838-1921) yn de Haachske Alexanderstrjitte.

Anna en Marianne bemuoiden har fan 1883 ôf ek mei prostitúsje, dat wie nei oanlieding fan in kongres yn De Haach fan de Fédération abolitionniste internationale (dy't doe noch oars hjitte). Nederlân hie al de Nederlandsche Vereeniging tegen de Prostitutie, oprjochte fan dûmny Hendrik Pierson yn 1879. Omdat froulju feitlik net by dy feriening mochten, waard 1884, mei troch kontakten mei Josephine Butler de Nederlandsche Vrouwenbond tot Verhooging van het Zedelijk Bewustzijn, yn it koart de Vrouwenbond. De susters Van Hogendorp soenen dêr in wichtige rol yn spylje. Mei druk op Keamerleden en publikaasjes besochten sy om it plak fan froulju en prostiuees yn de mienskip te ferbetterjen en hannel yn froulju te bestriden.

By gelegenheid fan de útstalling 'De Vrouw, 1813-1913' ferskynde de mei troch Anna redigearre bondel Van Vrouwenleven, 1813-1913. Ontwikkelingsgang van het leven en werken der vrouw in Nederland en de koloniën.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nederland's Adelsboek 85 (1995), s. 334.