Anna Cornelia Craandijk-Schuil

Ut Wikipedy
Anna Cornelia Craandijk-Schuil
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 26 desimber 1872
berteplak Frjentsjer
stoarn 12 july 1950
stjerplak Haarlim

Anna Cornelia Craandijk-Schuil (Frjentsjer, 26 desimber 1872 - Haarlim, 12 july 1950) wie in Nederlânske sjongster en sjongpedagoge.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Se wie dochter fan musikus Martinus Schuil en Martha van der Meulen. Yn 1898 troude hja mei Pieter Herman Craandijk, doe adjunktdirekteur fan de Haarlemsche Hyckeykbank, soan fan Jacobus Craandijk (1834 -1912). Har broer wie de bekende berneboekeskriuwer Jouke Broer Schuil.

Se krige muzykûnderrjocht oan it Konservatoarium fan Utert dêr't Bertha Zegers-Veeckens har learares wie en dêr't se yn 1894 har diploma helle mei in sjuery wêryn't ûnder oare Daniël de Lange en Richard Hol sitting hiene.[1] Se joech in skoft les oan de muzykskoalle yn Dordrecht (solosang, koarsang, sprekkeunst en resitearjen), en waard dêr yn 1898 opfolge troch Betsy Hol.

Fan de iuwwiksel ôf wie se withoefaak te bewûnderjen as sjongster yn en om Haarlim. Fierder trede se wolris op as toanielregisseur al wie dat dan yn útfieringen fan De woudkoningin, in berne-operette komponearre troch har heit.

Se song yn har libben mei tal fan bekende musisy, ûnder oaren Jac. van Kempen, Louis Robert, Aaltje Noordewier-Reddingius, Berthe Seroen ensfh. Yn 1902 en 1906 trede se op yn de Johannes-Passion fan Johann Sebastian Bach útfierd yn it Konsertgebou te Amsterdam. De útfieringen mei it Konsertgebouworkest stiene beide kearen ûnder lieding fan Anton Averkamp; ûnder de oare solisten wiene dyselde Noordewier-Reddingius, mar ek Johannes Messchaert (1902) en Hendrik C. van Oort (1906).

Sy makke teffens de ienakter De crisis, wêryn't se sels út en troch de haadrol fertolke. Se spile dan Louise van Geervliet; in troude frou yn in ûngelokkich houlik dy't úteinlik nei in freondinne flechtet. Dy wit de frou te oertsjûgjen om de krisis oan 'e kant te skowen en har taak as frou en opfiedster fan de bern wer op har te nimmen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Haarlem’s Dagblad, 29 desimber 1934, side 5, A.C. Craandijk-Schuil; rubryk Bekende Haarlimmers

  1. [1] Het Vaderland (10 july 1894)