Anna Cornelia Carbentus
Anna Cornelia Carbentus (De Haach, 10 septimber 1819 - Leiden, 29 april 1907) wie in dûmnysfrou en de mem fan de keunstskilder Vincent van Gogh (1853-1890 ).
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Carbentus wie de dochter fan Willem Carbentus, in boekbiner út Den Haach, en Anna Cornelia van der Gaag. Binnen de famylje fan Carbentus stiene ferskate leden bekend as 'senuwsiik'. Dat makke dat se yn noed siet oer sawol har eigen tastân en letter dy fan har eigen bern. Har lettere libben soe benammen yn it teken stean fan de soarch foar har neisten. Yn 1851 troude hja mei Theodorus van Gogh, in predikant binnen de Nederlânske Herfoarme Tsjerke. Ut dat houlik waarden sân bern berne. Nei 't har earste bern yn 1852 libbenleas berne waard, folge yn 1853 de berte fan Vincent, de lettere keunstskilder. Letter folgen: Anna (1855), Theo (1857), Lies (1859), Wil (1867) en Cor (1867).
As dûmny syn frou folge Carbentus har man earst nei Zundert, yn 1871 nei Helvoirt en fjouwer jier letter nei Etten. Yn 1882 beluts de húshâlding it Domineeshûs yn Nuenen. Carbentus sette har, neist de soarch foar har eigen húshâlding, yn foar earme húshâldingen. Yn har frije tiid bestege se omtinken oan ûnder oare túnkjen en akwarellearen. Nei it hommels ferstjerren fan har man Theodorus, yn 1885, ferhuze hja tegearre mei har dochter Wil earst nei Breda en letter yn 1889 nei Leien.
Carbentus oerlibbe har fjouwer soannen en kaam sels yn 1907 nei in lang lijen te ferstjerren. Se waard 87 jier. Har skoansoan Joan van Houten, echtgenoat fan Anna, kocht foar har in grêf op begraafplak Groenesteeg yn Leiden. Sûnt de njoggentiger jierren fan de tweintichste iuw lei der op har grêf in replika fan de orizjinele tinkstien. Yn 2015 is de by in renovaasjeprojekt de orizjinele tinkstien wer fûn en werompleatst.
Portret
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vincent van Gogh makke yn 1888 it bekende "Portret van de moeder van Van Gogh". In portret dat er makke neffens in swart-wytfoto fan har.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- N.A. van Beek, De Aantekeningen van Tante Mietje van Gogh (De Haach 2010).
- Willem-Jan Verlinden, De zussen Van Gogh (Amsterdam 2016).
- Lodewijk Kallenberg, Anna Cornelia van Gogh-Carbentus, de moeder van Vincent van Gogh. Haar leven en haar band met Leiden, Leids Jaarboekje 111 (2019) 84-97.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Anna Cornelia Carbentus fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |