Anna’s Hoeve
Anna’s Hoeve is in park en natoergebiet yn de gemeente Hilfertsom. It uis ûntstien as wurkferskaffingsprojekt doe't sierfivers oanlein waarden. It heuveleftige gebiet bestiet út bosk, fivers en puollen, heide en greide. De Hoeve sels is as restaurant werboud nei in brân mar baarnde yn augustus 2005 wer ôf.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al yn 1886 wie yn Hilfertsom de ‘Vereniging van Werkverschaffing’ oprjochte. Yn it ramt fan de wurkferskaffing waarden ferskillende projekten útfierd, lykas grûnwurk by de Crailoaske Brêge (1909), it tarjen fan diken (1921) en grûnwurk op it lângoed Zonnestraal (1921). Troch de ekonomyske krisis dy't feroarsake wie troch de beurskrach fan 1929 naam it oantal wurkleazen sterk ta: fan 136.000 yn 1932 nei 351.000 yn 1933. De steat besocht dizze minsken oan it wurk te hâlden troch projekten yn de wurkferromming of wurkferskaffing.
De direkteur Publike Wurken, yr. J.F. Groote, stelde út om yn it frijkomde terrein fan Anna’s Hoeve sierfivers oan te lizzen. Yn it gebiet leinen eartiids heidefjilden, dy't brûkt waarden as floeifjilden foar rioelwetter en ôffalwetter fan de yndustry. De gemeentearsjitekt W.M. Dudok tekene as waarm foarstanner fan útfiering fuortendaliks in plan. De rûsde kosten fan it projekt bedroegen fl. 213.000, wêrfan mar fl. 84.750 foar rekken fan de gemeente komme soe. It oare part soe troch de steat betelle wurde. Der waarden yn it earstoan 28 wurkleazen ynsetten. Dêrneist waarden der fiif timmerlju en in útfierder by it projekt oansteld. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hie foar de wurkleazen in oerelean fan fl. 0,45 foarsteld. De minister gie dêr net mei akkoard. Hy bepaalde it oerelean op fl. 0,43.
De wurkleazen gienen yn maart 1933 oan de slach. Der waard begroeiing weihelle, wêrby't stobben foar in part útgroeven wurde moasten. Fierders waard in smelspoar fan 1100 meter oanlein. Dêrop rieden trije, letter fjouwer, lokomotiven mei tritich kypkarren. Dizze ‘fjildspoarwei’ waard brûkt om sân en materiaal fan de eardere floeifjilden te ferfieren. Geregeldwei rûnen de lokomotiven út de rails. De wurkleazen – wyls wie it legerke oangroeid ta sechtich man – brûkten lykwols ek faak kroaden. Uteinlik soenen der 130 persoanen by de oanlis fan Anna’s Hoeve tewurksteld wurde.
Yn de simmer fan 1934 gie de útfierder op fakânsje. Troch syn hâlding foar de wurkleazen oer wie hy net botte populêr. Yn syn ôfwêzichheid waard ‘opruiende lektuer’ ferspraat ûnder de tewurkstelden. Der fgie sels in oprop ta boljeien rûn. Ien persoan, dy 't de útfierder mei de dea bedrige hie, waard arrestearre. Doe't de boel wer wat delbêde wie skreau de krante: It is der sûn arbeidzjen, it sikehûs is seldsum leech en der hearsket in goede geast yn de ploegen.
De Sierfivers fan Anna's Hoeve en de berch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne trije sierfivers oanlein. Mei it materiaal fan de floeifjilden en frijkomd sân út de sierfivers waarden trije heuvels makke. De berch fan Anna’s Hoeve stuts boppe alles út mei in hichte fan 24 meter boppe NAP. De taluds fan de hellingen waarden beplante. Jonge oanplant moast it sân 'fêstlizze'. Nei de iepenstelling fan it nije rikkeraasjegebiet wie de belangstelling fan het publyk tige grut. De direkteur Publike Wurken stelde út om it terrein mar ôf te sluten want in soad jonge aanplant waard fernield. Der kamen sels minsken nei Anna's Hoeve om te kampearen of te swimmen.
Tsjintwurdich is de belangstelling foar Anna’s Hoeve noch altyd grut en hat it gebiet syn funksje as oanlein natoer- en rekreaasjegebiet behâlden.
Wenningbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grinzjend oan de beboude kom fan Hilfertsom is in diel fan it gebiet Anna's Hoeve bestimd foar wenningbou. Op it plak fan de âlde rioelsuveringsynstallaasje, de hurdfytsbaan en inkele sportfjilden komme sa'n 700 wenningen en in nij, lytser rioelgemaal. De tariedende wurksumheden binne dien, yn 2009 is begûn mei de bou fan de huzen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|