Crailo
Crailo is in buorskip fan de gemeente Huizen, dat leit tsjin de punt dêr't dizze gemeente gearrint mei Hilfertsom, Bussum, Blaricum en Laren, yn de provinsje Noard-Hollân. Op dit snijpunt leit ek in wegenkrús- en knooppunt, mei op- en ôfritten nei en fan de snelwei A1 (Amsterdam-Amersfoort). Crailo is ek de ynformele namme fan dit krúspunt. It is troch dizze lizzing ferkearstechnysk it hert fan it Goai. It hat 410 ynwenners (2007)
Eastlik fan de A1
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It buorskip sels leit direkt oan de noardkant fan dit knooppunt. It sikehûs Tergoai sikehuzen, lokaasje Blaricum (oant koartlyn bekend ûnder de namme Goai-Noard) leit oan de súdeastlike kant fan dit krúspunt, noch krekt op grûngebiet fan Blaricum. It buorskip hat 410 ynwenners (2007) en in oerflakte fan 1,48 km². Net it hiele gebiet dat sirkelfoarmich om it krúspunt leit kin lykwols Crailo neamd wurde, mar wol is dat sa mei de lokaasjes súdwestlik oan de oerside, op it grûngebiet dêr't Bussum, Hilfertsom en Laren gearkomme.
Crailo (Craailoo = Kraaiebosk) wie fan oarsprong in 17e iuwsk lângoed. It âlde bûtenhûs is ein 19e iuw ferfongen troch it hjoeddeiske lânhûs, dat leit oan de Museumleane yn Huizen. Oant yn de 19e iuw hearden by it lângoed twa pachtpleatsen. Op ien dêrfan rêste in dûbeld skaarrjocht (sjoch Erfgoaiers).
Westlik fan de A1
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Crailo stiet no foar ferskillende lokaasjes yn dizze omkriten, dat betizing feroarsaakje kin. It is útsein it eigentlike buorskip mear de namme foar in sône oan de grins fan fiif Goaiske gemeenten, as in presys plak. Twa ôflieden betsjuttings / begrippen litte harr ûnderskiede:
Legerplak Crailo
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It meast bekend is Kamp Crailo, in militêr oefenterrein yn de gemeente Hilfertsom, mar grinzjend oan it súdeasten fan Bussum (mei gedieltlik AZC, eartiids tige bekend as it legerplak Crailo dêr't it net bewapene Korps Mobiele Colonnes legere wie, plus de neistlizzende Kolonel Palmkazerne yn Bussum. Dit stikje fan de Bussumerheide grinzet oan it krúspunt Crailo, en it gehiel leit dus al ferspraat oer twa gemeentes. Foar dit westlike Crailo binne nijbouplannen makke.
Stapelplak Crailo
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It meast betiizjend is, dat de namme Crailo ek brûkt wurdt foar in gebiet inkele kilometers fierderop lizzend oan de râne fan Hilfertsom-Noard, oan it spoar en de wei nei Bussum en Naarden, dêr't de Crailoose brêge oer it spoar tagong ta jout. Eigentlik soe dit gebiet better Nij Crailo hjitte kinne, mar ta ûnderskieding hantearret men krekt de antike stavering Crailoo. Dêr wie eartiids in sanderij ( sângraverij) dy't mei in lange, kearsrjochts sânwei oer de heide (de Nije Crailosewei, ofwol it Gebed sûnder Ein) ferbûn wie mei it krúspunt Crailo. De eardere sanderij Crailoo hat romte oplevere foar in soad sportterreinen yn de Hilfertsomske "sportfallei". Hjir leit sûnt 2006 ten noarden fan de Crailosebrêge ek de ymposante, nije Natoerbrêge Sânerij Crailoo. Yn it súdlike diel fan dit ôfgroeven gebiet lei ek in iepenloftswimbad, dat no dimpt is en foar in lyts gedielte yn gebrûkt nomd is as útwreiding fan it oan de oare kant súdwestlik lizzende omropsintrum. De Nederlânske Spoarwegen hawwe it sân yn de tritiger jierren ôfgroeven en brûkt foar it opheegjen fan de spoarbaan yn Amsterdam-East. Der is ek in opslachplak fan foar de spoarbou needsaaklike materialen, it Stapelplak Crailoo. Dizze leit foarby de Crailoosche brêge oan de noardkant fan Hilfertsom oan de rjochterside fan it spoar (Cra km 24.404).
Halte Rinbaan
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under de brêge binne de perrons te sjen fan de eardere halte Rinbaan Bussum. Tusken 1880 - 1893 lei der op de Bussumerheide in rinbaan. De tribunes leinen lâns de Lange Heul yn it hjoeddeiske Bussum-Súd. Ek by de Olympyske Spullen fan 1928 yn Amsterdam waard de heide tusken Bussum en Hilfertsom foar de hynstesport brûkt. Dêr waard doe de úthâldingsproef hâlden, dy't rûn fan de Corversbosk oan de Lage Vuursche ta.
Masterplan Crailo
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Planologysk wurdt de namme Crailo reservearre foar it eardere terrein fan it legerplak dêr't in kazerne, in militêr oefenterrein en in dêrneist lizend asysikerssintrum sieten. It plangebiet Crailo leit op it knooppunt fan de gemeenten Bussum, Hilfertsom en Laren. It totale terrein hat in oerflakte fan ± 60 ha en wie hast hielendal yn eigendom by it ryk. Dit projektterrein Crailo is yn 2007 oankocht troch de Prvinsje Noard-Hollân mei as doel it hiele gebiet koördinearre te ûntwikkeljen.
De gemeenten Hilfertsom, Bussum, Laren en Blaricum en de stichting Goais Natoerreservaat hawwe foar it gebiet in masterplan opsteld. It plan giet út fan in kombinaasje fan wen- wurk- en natoerbestimmingen. De wen- en wurkgebieten sille troch "griene buffers" oan it each ûntlutsen wurde.
Yn septimber 2007 is it asylsikerssintrum (gemeente Laren) weriepene. Wyls sitte dêr mear as 800 asylsikers. Der kinne dêr 900 bewenners húsfêste wurde.