Andringahûs (Grutte Tsjerkestrjitte)
It Andringahûs stie oan de Grutte Tsjerkestrjitte op "Camminghahorn" yn Ljouwert. It stee is net krekt bekend, likemin as it boujier.
Wopke Eekhoff hat uit oer in hûs fan de Andringa’s "op Camminghahorn" yn de Grutte Tsjerkestrjitte "op Gabbe Douwama stede". Blykber hat dêr in hûs fan de Douwama’s stien of hat it âlde hûs in oare namme krigen mei de komst fan de Andringa’s. Dit soe it mânske hûs wêze kinne op de kaart fan Sems út 1603 oan de westside fan de kleastertsjerke, de lettere Waalse tsjerke.
Eekhoff meldt fierder dat yn 1580 Gosse fan Andringa in oantal gebouwen hierde fan de krekt troch de reformaasje ophefte Witte-Nonnen-Kleaster dat yn it gebiet tusken de Speelmansstrjitte, Bûntepapesteech, Grutte Tsjerkestrjitte en Lytse Hoogstrjitte lei. De gebouwen dy’t er hierde wienen de kosterij, trije sellen, it dêrneist steande patershûs, it dêroan grinzjende hûs fan de priorinne en it dêr wer njonken steande gebou.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1580 Gosse fan Andringa
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|