Amy van Marken
Amy van Marken | ||
Eks-libris fan Amy van Marken | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 21 juny 1912 | |
berteplak | Hilfertsom | |
stoarn | 15 juny 1995 | |
stjerplak | Amsterdam | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Heechlearaar | |
aktyf as | Oersetter, publisist | |
offisjele webside | ||
DBNL-profyl Van Marken |
Amelia (Amy) van Marken (Hilfertsom, 21 juny 1912 - Amsterdam, 15 juny 1995) wie in Nederlânsk letterkundige en literêr oersetter, en in grut kenner fan de Skandinavyske literatuer.
Hoewol't se doe noch net promovearre wie, krige se yn 1956 in fêste oanstelling as lektor Skandinavyske talen oan de Ryksuniversiteit Grins (RUG).
Yn 1970 promovearre hja mei in proefskrift oer de frouljusfigueren yn it wurk fan de Noarske skriuwer Knut Hamsun en yn 1975 folge har beneaming ta heechlearaar Skandinavyske taal- en letterkunde.
Van Marken stie yn 1970 oan de basis fan it Arktysk Sintrum fan de RUG.
Der is in fertaalpriis nei Van Marken ferneamd, dy't sûnt 2006 ien kear yn de twa jier útrikt wurdt.
Yn 2010 ferskynde de biografy Mijn vak werd mijn leven, skreaun troch Petra Broomans en Janke Klok, twa eardere studinten fan Van Marken. It earste eksemplaar waard op 19 novimber 2010 útrikt oan Paula Stevens, dy't de Amy van Marken-fertaalpriis yn 2010 ûntfong.
Publikaasjes fan Van Marken (in kar)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Amy van Marken: Knut Hamsun en de vrouwenfiguren in zijn werk. Proefskrift Gint, 1970. Gjin ISBN
- Amy van Marken: Studentenleven in de Scandinavische letterkunde. Grins, Wolters, 1956. Ynaugurele rede Grins.
- Thor Heyerdahl: De Kon-Tiki expeditie. 8000 kilometer per vlot over de Grote Oceaan. Autorisearre fert. út it Noarsk fan Amy van Marken. Amsterdam, Scheltens & Van Giltay, 1949. Werprinte: ûnder mear 2007, ISBN 978-90-77895-11-5
Publikaasjes oer Van Marken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Studies in Skandinavistiek, aangeboden aan Amy van Marken. Redaksje: Antonine M.L. Marquart Scholtz & Ulla Musarra-Schrøder. Grins, Brouwer, 1977. ISBN 90-70198-02-9
- Diederik Grit: 'Levensbericht Amelia van Marken'. Yn: Jaarboek van de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde, 1996
- Petra Broomans en Janke Klok: 'Mijn vak werd mijn leven'. Amy van Marken (1912-1995). Grins, Barkhuis, 2010. ISBN 978-90-77922-74-3