Springe nei ynhâld

Amicitiagebou

Ut Wikipedy

It Amicitiagebou stiet op de hoeke fan de Wurdumerdyk en de Nijewei by de súdlike entree fan Ljouwert. It earder deftige klassisistyske bouwurk waard yn 1840, yn de tiid fan de Ferljochting, boud as hearesoasjeteit troch stedsarsjitekt Thomas Romein. Der siet doe in konsertseal, in kolfbaan en in lês- en biljertseal yn. Yn 1852 waard it Amicitia ('Freonskip') útwreide en yn 1879 nochris. Doe kaam der troch arsjitekt Hendrik Kramer in hoektuorke by nochris in nije útwreiding. Yn 1902 waard it iepenbier ferkocht oan de bruorren Feldhaus dy't der in hotel fan makken. Yn 1966 moast it hotel slute en waard it yn 1968 ferfongen troch in kantoargebou troch J.C. Teeuw. Dêrnei hawwe der de ABN-bank, de PTT en de Tsjinst Stedsûntwikkeling yn sitten.It gebou krige de titel fan 'Unsjochste gebou fan Ljouwert'.

Yn 2011 waard it ûnder lieding fan arsjitekt Jo Coenen stript oant in betonskelet en kaam der in penthouse boppe-op. Boppe de winkelserre is romte útsparre foar in iepen parkeardek foar de bewenners en sa koenen de wenetaazjes 'optild' wurde. De hoeken fan de flat waarden ôfrûne, oan de eastlike kant sels mei in dûbele bocht. It hat sûnttiids wol wat wei fan in grut cruiseskip.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: