Amfiteater fan Nimwegen
It Amfiteater fan Nimwegen hat yn de âldheid in amfiteater súdwestlik fan it Romeinske legerkamp by Nimwegen west. It is it ienige bekende Romeinske amfiteater fan Nederlân.
De Romeinen binne ferneamd om harren amfiteaters. Yn in soad grutte en lytsere plakken stie der wol ien. Ulpia Noviomagus Batavorum, sa't Nimwegen neamd waard yn de tiid fan de Romeinen, wie in wichtich plak foar de ekspânsje nei it noarden. Der waard dan ek in amfiteater boud. It teater waard oan de begjin fan de 2e iuw boud bûten it terrein fan de grutte legioensfêstiging fan Ulpia Noviomagus Batavorum. It amfiteater waard boud foar de Romeinske legionêrs, mar nei alle gedachten hat ek de ynlânske befolking de foarstellings besocht. Der waarden gladiatorfoarstellings hâlden en mooglik ek fjochterijen mei wylde bisten, al is dêr gjin archeologysk bewiis foar fûn.
It amfiteater hie de foarm fan in ovaal en hie ôfmjittingen fan 94 by 82 meter. De arena, it gebiet dêr’t fochten waard, wie 58 by 46 meter. Hjir omhinne stienen muorren fan dowestien. De tribunes wienen makke fan hout en rêsten op in ierden wâl, dy't fersterke wie plaggen. De bûtenmuorre wie wer fan stien. It stadion koe nei alle gedachten likernôch 12.000 minsken bergje. It gebou hat wis oant yn de 3e iuw yn gebrûk west.
De rêsten fan it amfiteater binne yn Nimwegen-east werom fûn. Yn guon strjitten wêrûnder de fundearrings lizze binne de kontoeren fan it teater oanjûn yn de strjitten.