Amerikaanske presidintsferkiezings 2016

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gadingmakkers Amerikaanske presidintferkiezings 2016
Donald Trump August 19, 2015 3 by 2.jpg Hillary Clinton by Gage Skidmore 2.jpg

De Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2016 waarden op 8 novimber 2016 holden. Donald Trump waard mei dizze 58ste presidintsferkiezing mei in mearderheid oan kiesmannen keazen as presidint fan de Feriene Steaten.

Formeel waarden op 8 novimber 2016 allinnich de kiesmannen fan it kieskolleezje keazen, dy't op 19 desimber 2016 stimme sille op de presidintskandidaten. De presidintskandidaat mei 270 of mear kiesmannen fan it kieskolleezje wint de presidintsferkiezing. Lykas fêstlein yn de grûnwet sil de winner fan de presidintsferkiezings op 20 jannewaris 2014 beëdige wurde.

Tagelyk mei de presidintsferkiezings waarden der ek ferkiezings holden foar it Amerikaansk Kongres (Amerikaanske Senaat en it Hûs fan Offurdigen) holden.

Kandidaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 16 juny 2015 die de de sakeman Donald Trump te witten dat hy him ferkiesber stelle soe as presidintskandidaat foar de Republikeinske Partij. Op 15 july 2015 makke Trump wrâldkundich dat Mike Pence syn running mate wurde soe.

Hillary Clinton, de eardere first lady fan Bill Clinton, makke op 12 april 2015 formeel bekend dat sy de presidintskandidaat foar de Demokratyske Partij wurde soe.

Neist de Demokratyske en Republikeinske presidintskandidaten wie der noch in ferskaat oan kandidaten. Dy kandidaten koenen lykwols net yn alle steaten keazen wurde. Dat binne ûnder oaren de Libertarian, Green Party, Independence Party of Minnesota en de Constitution Party.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]