Springe nei ynhâld

Amearikabommesmiter

Ut Wikipedy
De Messerschmitt Me 264 V1 (earste prototype Me 264)
In efterlitten Junkers Ju 390 op in Dútsk fleanfjild yn 1945; de propellers binne fuorthelle

It Amerikabomber- projekt (Amearikabommesmiter) wie in inisjatyf fan it Dútske Ministearje fan Loftfeart (Reichsluftfahrtministerium) om in lange ôfstân strategyske bommesmiter foar de Luftwaffe te krijen dy 't by steat wêze soe om de Feriene Steaten (benammen New York City) te reitsjen út Dútslân wei, hinne en werom in ôfstân fan likernôch 11.600 km . It konsept waard al yn 1938 op it aljemint brocht, mar avansearre plannen foar sa 'n ûntwerp fan in strategyske langeôfstânsbommesmiter ferskynden earst begjin 1942 foar Reichsmarschall Hermann Göring. Der waarden ferskate foarstellen dien, mar dy plannen waarden úteinlik allegearre opjûn om 't se te djoer wiene, te ôfhinklik fan fluch ôfnimmende materialen en produksjekapasiteit en/of technysk ûnmooglik wiene.

Der waarden wol in pear prototypes makke, lykas de Messerschmitt Me 264 en de Junkers Ju 390.

De Japanners hiene harren eigen bombardemintsprojekt foar de westkust fan de Feriene Steaten, Projekt Z.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: